Doarpshuzen wolle fergoeding foar misrûne ynkomsten

31 mrt 2020 - 12:10

Doarpshuzen wolle kompensaasje hawwe foar de ynkomsten dy't se misrinne no't se ticht binne fanwege it coronafirus. De oerkoepeljende organisaasjes meitsje har grutte soargen oer it fuortbestean fan doarps- en wyksintra.

Doarpshûs Wâlterswâld - Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

As de ynkomsten fuortfalle, reitsje in soad minksen in sosjaal anker kwyt. Dêr hawwe se krekt no grut ferlet fan mei de coronakrisis, sizze de organisaasjes. Se binne deroer fernuvere dat doarps- en wyksintra oant no net yn de beneaming komme foar stipemaatregels.

(advertinsje)
(advertinsje)