GGD: Alve minsken yn Fryslân ferstoarn oan gefolgen coronafirus

31 mrt 2020 - 12:12

Sûnt de útbraak fan it coronafirus binne yn Fryslân alve minsken ferstoarn oan de gefolgen fan dat firus. Dat hat de GGD no nei bûten brocht. Mei de sifers fan ferline wike stie it oantal noch op twa deaden, mar der binne no dus al folle mear minsken oan it firus ferstoarn. Fierder makket de GGD bekend dat seis nije minsken posityf test binne op it firus. It totaal stiet dêrmei no op 128 positive tests yn Fryslân.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân seit dat dizze taname net samar ynienen komt. "Dat is niet ineens. Niet alle sterfgevallen worden direct bij ons gemeld. Natuurlijk worden bij een sterfgeval eerst de nabestaanden en de behandeld huisarts geïnformeerd en pas daarna komt de GGD in beeld."

Jongste persoan wie 66

De Graaf seit dat it oan de iene kant in soad liket, mar dat it oan de oare kant ek tafalt. "Laat mij voorop stellen dat ieder persoon die overlijdt door het coronavirus een teveel is. Van deze negen recentste sterfgevallen gaat het om voornamelijk tachtigers, eentje in de negentig en de jongste persoon was 66. Al deze mensen hadden onderliggende gezondheidsproblemen. Nogmaals: elk persoon is teveel, dat lijkt me duidelijk."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

Mear stjergefallen

Mear stjergefallen slút De Graaf absolút net út. "Ik verwacht zeker meer sterfgevallen. Of we zo'n hoge piek zullen krijgen zoals in Brabant, durf ik eigenlijk geen uitspraken over te doen, maar wij verwachten in ieder geval wel meer besmettingen, opnamen en ook sterfgevallen."

Net alle minsken dy't it coronafirus oprinne wurde test en dus is ek net dúdlik hoefolle minsken yn Fryslân werklik corona hawwe of hân hawwe. "Voorzichtig doorrekenend zitten we nog steeds onder de 1 procent van de immuniteit. Als we naar de 60 procent van de RIVM moeten gaan, dan hebben we nog een lange weg te gaan. Dan moet je je afvragen of we tot die immuniteit moeten gaan of dat we op dat vaccin moeten wachten."

IC-opname

"We verwachten dat 80 procent van de mensen die het krijgt, gewoon thuis uitziekt. Van de mensen die in het ziekenhuis raken, heeft ook maar een deel een IC-opname nodig. Dat zijn vaak mensen met overgewicht of medisch onderliggende problemen. Voor de rest van de mensen is het een zware, niet fijne griep."

(advertinsje)
(advertinsje)