Keatsferiening Arum bestiet 125 jier, mar kin dat net fiere

31 mrt 2020 - 11:38

Yn Arum binne se teloarsteld dat de jubileumfiering fan de keatsferiening yn it doarp net trochgean kin. De feriening bestiet 125 jier en soe dit jier grut útpakke mei in ferskaat oan aktiviteiten. Mar troch de coronakrisis hawwe se alles ôfsizze moatten. De fiering wurdt no in jier útsteld.

Wy seagen it al in bytsje oankommen, mar it is spitich, seit Gerben Okkinga fan de jubileumkommisje. It wurdt no in jier útsteld. It is dan in 125 plus 1-jubileum.

Yn septimber soe der in teäterstik komme. Dêr hiene de repetysjes no al foar begjinne moatten en dat kin net. Wat ek net trochgiet is dat Habtamu de Hoop op 23 april in projekt op de skoalle iepenje soe. En in dei letter soe dan op it keatsfjild de offisjele iepening wêze fan it jubileum. Yn it doarp binne no al wol guon tariedings te sjen foar it keatsjubileum. Der wie al in begjin makke mei it ophingjen fan âlde foto's op doeken oan stellaazjes op strjitte. Dat moat no wer ôfbrutsen wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Johanna Brinkman praat mei Gerben Okkinga, keatsferiening Arum

Foar foarsitter Johan Okkinga fergiet de wrâld net dat it no foarearst net trochgiet. Der binne wol twa jier fan tarieding oan foarôf gien, mar "it draaiboek is klear en wy skowe it in jier op. Der binne slimmere dingen."

Oer de finansjele konsekwinsjes sit er ek noch net fuortendaliks yn. "Wy binne in finansjeel sûne feriening. Dat rêde wy wol op, tink ik." As de Arumer merke ek net trochgiet, soe dat wol finansjele konsekwinsjes hawwe kinne. Dêr sitte grutte kosten ûnder, lykas de hier fan in feesttinte, de muzyk en keatspartijen mei grutte jildprizen. De Arumer merke is altyd yn it lêste wykein foar de PC, dus ein july. Mar oer hoe't it dan komt, wol Johan Okkinga him noch net útlitte.

De stellaazje dêr't de fotoboeken oan te hingjen komme soe, moat wer ôfbrutsen wurde - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Johan Okkinga, keatsferiening Arum

(advertinsje)
(advertinsje)