Elkien tinkt mei hierders mei yn finansjele noed

31 mrt 2020 - 11:02

Wat moatte jo yn dizze tiid fan de coronakrisis dwaan as der lekkaazje is yn jo sosjale hierwenning? Of as jo de hier tydlik net betelje kinne, om't je troch it coronakrisis thússitte of sûnder wurk? Hierders fan wenningboukoöperaasje Elkien kinne yn dizze tiden, foar safier't it kin, op Elkien rekkenje. De koöperaasje set de feiligens fan hierders en meiwurkers yn it earste plak foarop, mar wol de minsken ek graach helpe dêr't it kin.

Wenten fan Elkien yn Huzum - Foto: Omrop Fryslân

Direkteur Harro Eppinga fan Elkien seit dat der earst besjoen wurdt wat de aard fan it probleem is. "Wij bekijken per geval wat wij kunnen doen. Als er een lekkage is, dan komen wij natuurlijk gewoon langs, want dat is een noodgeval. Maar als de doucheslang stuk is, zo'n geval hadden we onlangs, dan bezorgt onze monteur een nieuwe doucheslang via de brievenbus en legt de huurder uit hoe hij dat zelf kan monteren."

Begrip fan hierders

"Wij merken dat onze huurders echt begrip hebben voor deze situatie, en dus dat wij onze service hebben aangepast. Wat wij zien is dat het aantal reparatieverzoeken echt is gedaald."

It liket derop dat de hierders net massaal yn finansjele noed kaam binne. "Vorige week hebben wij al onze 20.000 huurders een bericht gestuurd dat wij begrijpen dat er door de coronacrisis mogelijk financiële problemen ontstaan. Deze huurders kunnen contact met ons opnemen als zij hun huur niet kunnen voldoen. Er heeft echter maar een handjevol mensen daarop gereageerd, dus dat valt ons echt mee."

Harro Eppinga fan Elkien

Frijskatte fan hier

Hierders dy't harren hier net mear betelje kinne, sille net op strjitte set wurde. "Wij zetten mensen niet uit hun woning. Die afspraak had Elkien al gemaakt voordat het kabinet met deze regels kwam. Wat wij in eerste instantie doen is met de huurder meekijken of er huurtoeslag kan worden aangevraagd, of wij verwijzen door naar het ondernemersloket. Pas daarna gaan wij kijken of we de huur tijdelijk kunnen opschorten. Kwijtschelding van huur is niet aan de orde, maar wij staan wel open voor andere oplossingen."

Oanbod hierwenten

Eppinga sjocht dat de coronakrisis ynfloed hat op it wenningoanbod. "Er is nog wel woningaanbod, en dat plaatsen wij ook op onze kanalen, maar we zien wel dat mensen die hun huur hadden opgezegd, deze nu toch eerst weer intrekken."

(advertinsje)
(advertinsje)