Fideodeiboek: "Voor de Vlielanders is het akelig dat jullie niet kunnen komen"
Hoe belibbet in boskwachter de coronakrisis? Om fan binnenút de provinsje sjen te litten wat der krekt spilet, hat Omrop Fryslân it vlogprojekt Berjochten út it hert opset. In netwurk oan minsken út de hiele provinsje wei sil de kommende tiid fideodeiboeken meitsje fan harren deistige wurksumheden. Boskwachter Anke Bruin nimt ús mei oer Flylân.
Vlog Anke Bruin
Anke Bruin en de oare floggers folgje? Sjoch dan op us dossierpagina.

Anke Bruin-Kommerij
Anke Bruin-Kommerij fan Flylân is boskwachter en wurksum by Staatsbosbeheer Vlieland. Sy hâldt ek it blog fan Staatsbosbeheer Vlieland by en mei graach it eilân by de minsken thúsbringe. De natuer jout har in soad treast, ôflieding en rêst yn dizze gekke tiden.