Ferdûbeling tal krisismeldingen fan húslik geweld

31 mrt 2020 - 09:36

By Fier, it lanlik ekspertize- en behannelsintrum yn Ljouwert, is it tal meldingen fan húslik geweld en bernemishanneling de ôfrûne twa wike ferdûbele. Troch de maatregels fan it kabinet om safolle mooglik thús te wêzen en te wurkjen kinne de spanningen yn 'e hûs bot oprinne.

"Wy skrikke fansels ek fan dizze sifers, mar wy hienen it wol in bytsje oankommen sjoen", fertelt teamlieder Grytsje van der Meer fan de krisis- en spoedôfdieling fan Fier. "No't eltsenien thús sit, ticht op inoar, dan gean der ek in soad saken mis. Wy hawwe it echt wol oer foars húslik geweld, blauwe plakken by bern, mar ek geweld ûnder folwoeksenen."

Foto: Omrop Fryslân

Gearwurking mei plysje


Op dy foarmen fan húslik geweld giet it krisisteam ek fuort op ôf. "Dy help moat wol trochgean ek yn de coronakrisis", seit Van der Meer. "De plysje giet ek wol mei om te sjen oft er in húsferbod komme moat. Dan dogge wy in screening om te sjen oft de pleger fan it geweld tsien dagen net thúskomme mei. Dan gripe wy dus direkt yn, sadat it geweld fuort ophâldt." Foar dy drokte hat Fier ek ekstra minsken ynset.

Skoalle is foar guon bern ûntspanning, mar dy struktuer is der no ek net.

Grytsje van der Meer, FIER

Melding húslik geweld

De meldingen fan húslik geweld wurde dien troch bern of folwoeksene sels, mar soms ek troch de buorlju of famyljeleden dy't fermoedens hawwe. "Der binne no't minsken thús sitte in soad soargen. Jildsoargen om't it wurk miskien fuortfalt, mar ek de struktuer dy't no fuortfalt is lestich foar minsken mei psychiatryske problematyk. Foar bern jildt dat se no thússitte, wylst skoalle foar har just soms in stikje ûntspanning is fan de situaasje thús." FIER set no folle mear yn op langduorjende soarch. "En dêr hawwe wy alle gesinsleden foar nedich."

Húslik geweld melde?

"Wy hawwe leaver dat minsken te faak belje as dat se net belje", seit Van der Meer. Sitsto of sitte jo yn in situaasje mei húslik geweld? Of hawwe jo in fermoeden fan húslik geweld by famylje of de buorlju? Nim dan kontakt op mei FIER of de plysje. FIER hat in anonime chat: www.chatmetfier.nl

Grytsje van der Meer fan Fier

(advertinsje)
(advertinsje)