Kollum: "Flau oandraaide bern"

31 mrt 2020 - 08:28

"Dat bern is flau oandraaid, sleau, hingerich, net rjocht lustich. Altyd heal, wie ek sa'n útdrukking dy't folwoeksenen eartiids brûkten om bern oan te tsjutten dy't de helte fan 'e tiid ferkâlden en louwich wiene. Toch wiene dy in útsûndering. Op 't heden lykje flau oandraaide bern yn de mearderheid te wêzen. Dêr binne sels spesjale poly's foar, de saneamde kwakkelpoly's.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Willem Schoorstra

EenVandaag hie foarige wike in reportaazje oer bernedokter Ellen van der Gaag fan Sikehûsgroep Twente. Dy woe promovearje op har ûndersyk nei groanysk ferkâlden bern en de ympekt fan iten op harren sykte. Har promoasje waard útsteld troch it coronafirus, mar de resultaten fan har wurk binne troch it firus namste aktueler.

Ut har ûndersyk blykt nammentlik dat bern dy't geregeld kowefleis, griene griente en folle suvelprodukten ite, yn in koart skoftke tiid folle minder fetber foar luchtwegenynfeksjes binne as de kontrôlegroep dy't dat net docht. Van der Gaag fertelde dat se hiel faak bern seach dy't elts firus oppikten en letterlik de helte fan 'e tiid siik wiene. Wat har opfoel wie dat in protte fan harren amper griente krigen, gjin of in bytsje fleis ieten en gjin of healfolle suvelprodukten.

Mei dy fêststelling wie Van der Gaag har rjochtsjen gien op farsk en ûnbewurke iten. Se stalde in dieet gear fan griene griente (5x yn 'e wike), fan kowefleis (3x yn 'e wike) en natuerlike, folle suvelprodukten. Boppedat krigen de âlders it advys om allinne noch boerebûter op 'e bôle te smarren. Mei in goede feech Nutella dêr boppe-op. Nei in healjier bliek dat bern dy't gjin medysk ferklearbere ôfwiking hiene foar harren ynfeksjes, minder as fiif dagen yn 'e moanne siik wiene. Foar de oanpassingen wie dat gemiddeld 14 dagen. De bern dy't oars net foarút te baarnen wiene, fielden harren no sûn en fit. It ûndersyk fan Van der Gaag is opmurken wurden troch in groep Italiaanske wittenskippers yn ferbân mei it coronafirus. Dy fine dat ynfeksjesykten folle breder oanpakt wurde moatte. Oan de foarkant, mei mear beweegjen en in sûn ytpatroan om it lichem sterker te meitsjen yn it gefjocht tsjin alle firussen.

Ik ha mei fernuvering nei de reportaazje sitten te sjen. It âlderwetske griente, fleis en suvel as wapen tsjin allerhanne firussen. Boerebûter op 'e bôle, slachrjemme op 'e appeltaart, boerekoal en griene beantsjes, byfstik, kowelapkes en tournedos. De echte superfoods blykt it iten fan ús âldelju te wêzen. No is it wol sa dat de essinsjele aaiwiten fan it fleis yn it dieet fan Van der Gaag, foar folwoeksenen maklik ferfongen wurde kin troch oar iten. Dus de fegetariërs kinne gerêst wêze.

It coronafirus set it hiele libben op 'e kop. Alle struktueren fan it bestean feroarje. Mar dat it in op 'e nij wurdearjen fan suvel, griente en fleis opsmyt is in grutte ferrassing. Lekker beppe, sûkerbôle!"

(advertinsje)
(advertinsje)