Fryske taksys nei Den Haag foar kompensaasje: "Wêrom krije wy dy net?"

Fryske taksysjauffeurs fiere tiisdei aksje. Yn kolonne sille se fia de Ofslútdyk nei Den Haag ride. Taksybedriuwen hawwe it dreech op it stuit troch de coronakrisis. Sy krije gjin fergoeding foar de omset dy't se misrinne, wylst oare ûndernimmers oanspraak meitsje kinne op 4.000 euro.
Cor Bil yn syn taksy © Omrop Fryslân
Der is gjin ferbod op taksyferfier, mar minsken wurdt advisearre allinnich in taksy te nimmen as it strikt needsaaklik is, bygelyks foar in medyske behanneling. Net elk taksybedriuw hat buskes en dus de mooglikheid om bygelyks mei in skerm genôch ôfstân te hâlden tusken sjauffeur en passazjiers. Yn in persoane-auto is soks net mooglik.
De lytsere taksyûndernimmers wolle no krekt as oare sektoaren ek kompensaasje fan de oerheid. Neffens taksysjauffeur Cor Bil fan Ljouwert is it net te rymjen dat se gjin fergoeding fan it ryk krije en dêrom giet hy nei Den Haag. "It wurdt net in demonstraasje, mar wy wolle gewoan in statement meitsje. Wêrom komme wy net yn oanmerking foar dy kompensaasjeregeling? Dat fine wy hiel ûnearlik", seit Bil.

Enoarm risiko

Sels wol er net kleie en kin er de holle noch wol boppe wetter hâlde, mar ferskate fan syn kollega's slagget dat net. "Der binne bedriuwen dy gean hjir aansen oan kapot, dy kinne it gewoan net drage." Neffens Bil rinne de taksysjauffeurs in enoarm risiko, en net allinnich finansjeel. Mei syn 63 jier sit hy yn de risikogroep foar it coronafirus. "Moatte je it dan opsykje, nee dochs? Dan wurde we siik en dan kostet it de oerheid noch folle mear."
De taksysjauffeurs woene earst demonstrearje op it Malieveld yn Den Haag, mar dat mei net fan de boargemaster. Dy hat in saneamd 'samenscholingsverbod' ynsteld. Yn grutte groepen gearkomme yn dizze tiden fan corona is in gefaar foar de folkssûnens, seit de boargemaster.
Taksysjauffeur Cor Bil fan Ljouwert sil nei Den Haag ta
Taksyûndernimmer Sjoerd Verkoelen hat ek te krijen mei in bot weromrinnende omset, mar sjocht noch altyd mooglikheden om troch te riden. Hy hat skermen pleatst yn syn taksybuskes, foar de feiligens fan syn sjauffeurs en de passazjiers. Hoewol't hast al syn meiwurkers op it stuit thús sitte, bliuwt hy posityf. "Wij klagen absoluut niet. Het is een tijd om de schouders eronder te zetten en klagen heeft in mijn ogen niet veel zin." Mei syn partner is er no sels alle dagen ûnderweis.
Taksyûndernimmer Sjoerd Verkoelen oer de maatregels dy't hy nommen hat