Coronanijs tiisdei 31 maart: skoallen en hoareka langer ticht, gjin proffuotbal oant 1 juny

31 mrt 2020 - 22:56

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne yn ús provinsje oant no ta 128 minsken posityf test op it firus, alve minsken binne stoarn.
  • Der lizze yn Fryslân op dit stuit 28 minsken op de intensive care en nochris 81 minsken op oare ôfdielingen yn de sikehuzen.
  • Skoallen en hoareka bliuwe ticht oant en mei 28 april, hat it kabinet bepaald. It betelle fuotbal leit stil oant 1 juny.
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
  • Sjoch hjir op de oersjochkaart nei it totaal oantal positive tests yn Fryslân (boarne: RIVM/GGD).

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:52
Oant safier

Oant safier dit liveblog fan tiisdei 31 maart oer de coronakrisis. It wichtichste nijs fan hjoed op in rychje:

  • Der binne no yn totaal alve minsken yn Fryslân stoarn oan it coronafirus. By 128 Friezen is it coronafirus fêststeld;
  • Yn de Fryske sikehûzen lizze tiisdei 109 coronapasjinten. Fan harren lizze der 28 op de intensive care;
  • Skoallen bliuwe ticht oant en mei de maaiefakânsje. Ek de hoareka, musea, kappers en sportklups meie foar 28 april net iepen. Eveneminten dêr't in fergunning foar nedich is, wiene al ferbean oant 1 juny;
  • Minsken moatte gjin plannen meitsje foar de maaiefakânsje. Elkenien moat thús bliuwe, seit premier Rutte;
  • Kommende snein moat der foar 2.400 pasjinten plak wêze op de intensive care yn Nederlân, seit minister Hugo de Jonge. Op it stuit steane der 1.900 bêden klear;
  • It soarchpersoniel bûten de sikehûzen mei klachten wurdt ek test op it coronafirus. Binnen in pear wiken wurdt de testkapasiteit fjouwer kear sa grut. Dan is it mooglik om alle dagen 17.500 tests út te fieren;
  • De kompetysjes yn it amateurfuotbal wurde net ôfmakke: der binne gjin kampioenen en gjinien promovearret of degradearret. It betelle fuotbal leit stil oant yn alle gefallen 1 juny;
  • It tal meldingen fan húslik geweld, bernemishanneling en âldereinmishanneling nimt bot ta.
22:32
KNVB wachtet UEFA-gearkomste ôf

De KNVB hie trije senario's foar de rest fan it seizoen yn it betelle fuotbal: útspylje foar 30 juny, útspylje nei 30 juny of it seizoen no beëinigje. It earste senario kin al hast net mear, no't Rutte hjoed sein hat dat der foar 1 juny net fuotballe wurdt.

Om it seizoen ôf te meitsjen, moat dêrom ek yn july fuotballe wurde. Dat moat de UEFA dan wol tastean, want offisjeel rint it seizoen oant 30 juny. Woansdei is der in gearkomste mei de UEFA en lanlike fuotbalbûnen, dan moat d6er mear dúdlik oer wurde.

22:05
FNP boykot riedsgearkomsten Achtkarspelen

Boargemaster Brouwer fan Achtkarspelen tinkt dat riedsgearkomsten yn beheinde foarm trochgean kinne, mar de FNP yn dy gemeente is it dêr net mei iens. Dy fraksje boykot de kommende gearkomsten. Se fine it "ûnbegryplik en net besteanber" dat de gearkomsten trochgeane.

"De oerheid nimt needsaaklike maatregels, mar de gemeentlike oerheid yn Achtkarspelen fynt blykber dat al dy regels allinnich foar in oar jilde en net foar harren sels", seit FNP-riedslid Tjibbe Brinkman.

21:17
Twa Fryske klups yn tredde difyzje

Dat it amateurfuotbal dit seizoen net mear ôfmakke wurdt, betsjut ûnder oare dat de twa Fryske klups yn de tredde difyzje elkoar takom seizoen wer treffe: Harkemase Boys en ONS Snits yn de tredde difyzje. Dat wylst de iene klup mei die om promoasje en de oar op degradearjen stie. Jan Vlap, takom seizoen trainer by ONS: "Als toekomstige degradant moet je blij zijn dat je er nu in blijft, maar ik vind het veel sneuer voor clubs die dicht bij promotie stonden."

Lês hjir it folsleine ferhaal oer it amateurfuotbal.

21:07
"Pynlik, mar begryplik"

"Pynlik, mar begryplik." Dat is de reaksje fan âldereinbûn ANBO op it beslút om de coronamaatregels te ferlingjen. "De gezondheid van ons allemaal gaat voor, maar het is wel verdrietig nieuws voor ouderen in verpleeghuizen die geen bezoek mogen ontvangen en ouderen die alleen thuis zitten", seit ANBO-direkteur Liane den Haan.

20:33
AOb: ferstannich beslút

Dat de skoallen langer ticht binne, is in ferstannich beslút, seit de Algemene Onderwijsbond. "Dit was een onvermijdelijk besluit, we snappen dat het kabinet de scholen langer dichthoudt. De gezondheid staat voorop." De skoallen binne yn alle gefallen ticht oant de ein fan de maaiefakânsje, dy't offisjeel fan 25 april oant 3 maaie is.

20:32
Oerlis ûnderwiis

De hegeskoallen en universiteiten prate woansdeitemoarn mei minister Van Engelshoven oer de gefolgen fan it ferlingen fan de maatregels. Dan moat dúdlik wurde wat dy gefolgen binne, want op it stuit wit de Vereniging Hogescholen dat noch net. Ek de MBO Raad is by it oerlis.

20:00
Amateurfuotbal giet net fierder

It seizoen yn it amateurfuotbal giet net mear fierder, seit de KNVB. Der binne gjin kampioenen en ek gjin klups dy't promovearje of degradearje.

Direkteur fan it amateurfuotbal Jan-Dirk van der Zee: "Nederland heeft een uniek verenigingsleven dat inmiddels geruime tijd stilligt. Sommige mensen zijn ziek, sommigen helaas zelfs overleden en velen zitten verplicht thuis. Het gaat bij ons om vrijwilligers en amateurvoetballers voor wie de vraag 'hoe nu verder?' steeds zwaarder gaat wegen. Vandaag kunnen we vaststellen dat de competities niet meer op een gewenste manier kunnen worden uitgespeeld voor de start van de zomerstop. In tegenstelling tot bij de profs, bestaat er voor de amateurs ook geen scenario om de wedstrijden door te schuiven tot na de zomerstop. Door vandaag de knoop door te hakken willen we vooral iedereen duidelijkheid geven."

19:45
VNO-NCW en MKB ha begryp

Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW en MKB-Nederland begripe de ferlinging fan de coronamaatregels. "De hoop van veel ondernemers is natuurlijk dat op een zeker moment gefaseerd er al wat sectoren voorzichtig hun deuren zouden kunnen openen." Mar de prioriteit leit by it yn stân hâlden fan de soarch yn de sikehûzen en it beheinen fan de fersprieding fan it firus.

19:35
2.400 plakken op de IC

Kommende snein moatte der foar 2.400 pasjinten plak wêze op de intensive care yn Nederlân, seit minister De Jonge. Op it stuit steane der 1.900 bêden klear.

19:25
Gjin fuotbal oant 1 juny

Oant 1 juny wurdt der net fuotballe, seit premier Rutte op de parsekonferinsje. It fuotbal falt ûnder de eveneminten dy't in fergunning nedich ha. De KNVB hat moarn in oerlis mei de UEFA. Dat oerlis stie al pland.

19:06
Maatregels wurde ferlinge

It kabinet hat de maatregels om de fersprieding fan it coronafirus te foarkommen ferlinge oant 28 april. Dat hat premier Mark Rutte niiskrekt ferteld op in parsekonferinsje. Lês hjir mear.

18:52
Parsekonferinsje op Omrop Fryslân Radio

It kabinet makket aanst bekend hoe't it giet mei de coronamaatregels nei 6 april. De measte foarskriften fan it kabinet tsjin de fersprieding fan it firus jilde oant dy datum. De parsekonferinsje begjint nei alle gedachten om 19.00 oere hinne. It radioprogramma Weistra op Wei giet dêrom langer troch. Dêr wurdt de parsekonferinsje ek útstjoerd.

18:33
Skoallen meitsje minsken frij

It Friesland College, ROC Friese Poort en NHL Stenden meitsje meiwurkers frij om by te springen yn de soarch. De skoallen ha al kollega's frij makke dy't in dûbele oanstelling ha, yn it ûnderwiis en de soarch, om hielendal yn de soarch te helpen. Ek meiwurkers dy't op oare terreinen yn te setten binne, krije dêr de romte foar.

De trije skoallen wurkje mei elkoar gear om makliker ynspylje te kinnen op de fraach út de soarch. Dizze wike begjinne al dosinten fan it Friesland College by soarchynstelling Meriant op It Hearrenfean, in dosint fan ROC Friese Poort giet dizze wike oan de slach by Meckemastate yn Kollum. NHL Stenden set tredde- en fjirdejiersstudinten yn by partners dêr't de hegeskoalle al kontakten mei hat.

18:18
Minne mûlekapkes yn it Noarden

Fan de 1,3 miljoen minne mûlekapkes dy't Nederlân ymportearre hat út Sina, binne der 70.000 útlevere oan soarchorganisaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Trije soarchferlieners ha de kapkes ek echt brûkt. Sy binne test op it coronafirus, mar de útslach fan dy tests wie negatyf.

18:11
Ms Vlieland letter klear

It skip de Ms. Vlieland fan Doeksen is pas letter wer klear. It skip rekke op 12 maart skansearre en leit oan de wâl yn Harns. Apparatuer moat ferfongen wurde, mar troch de coronakrisis wurdt it materiaal letter levere. Dêrtroch kin it skip op syn betiidst yn juny wer neffens tsjinstregeling farre.

Wetter wurdt út de Vlieland pompe - Foto: Jannette van der Ploeg
17:52
Margreet de Graaf (GGD) oer de stân fan saken

Margreet live

17:32
109 sikehûsopnamen

Der leine by de mjitting fan tiisdeitemoarn 109 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen. Dat binne der fiif mear as in dei earder. It tal pasjinten op de intensive care is wol minder wurden: fan 31 nei 28.

Coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen

IC net-IC
Freed 27/03 18 81
Sneon 28/03 26 77
Snein 29/03 28 76
Moandei 30/03 31 73
Tiisdei 31/03 28 81
16:47
Húsarts posityf

Húsarts Bart Maats fan De Gordyk hat sels posityf test op it coronafirus. Ferline wike foarsei er sels al dat 'der wat te gebeuren stie'. Maats is ien fan de vloggers foar Omrop Fryslân. Sa makke er ek bekend dat er sels mei it firus besmet is:

Reaksje op corona bart maats

Besjoch hjir it folsleine berjocht en de vlog dy't Maats foar Omrop Fryslân opnommen hie foardat er wist dat er it firus hie.

16:33
Ekstra skoalboeken

De katolike basisskoalle Sint Ludgerus yn Balk wachtet de parsekonferinsje fan it kabinet dizze jûn net ôf en dielt alfêst ekstra skoalboeken en opdrachten út oan de learlingen:

Skoalle Balk

16:06
"Ah goeie"
15:57
Minister Hoekstra jout flater ta

Minister Hoekstra fan Finânsjes jout ta dat er net empatysk genôch west hat nei Súd-Europa ta. "We hadden vorige week, ook ikzelf, beter naar voren moeten brengen dat we willen helpen. Dat hebben we te weinig empathisch gedaan. Dat hebben we zo verwoord dat het tot weerstand heeft geleid", seit er tsjin RTL Z.

Lannen yn Súd-Europa wolle help fan de Europeeske Uny om de coronakrisis te bestriden. Se wolle gebrûk meitsje fan it needfûns fan 410 miljard euro. Nederlân wol dat allinnich tastean ûnder strange betingsten en dêr kaam in soad krityk op, ek út Fryske hoeke: heechlearaar Eelke de Jong seit dat Hoekstra 'in klap foar de kop ferstjinnet'.

15:19
Steffie

De oerheid is in nije webside begûn om it coronafirus út te lizzen oan minsken mei in ferstanlike beheining. Sy kinne terjochte op corona.steffie.nl.

15:00
Online ôfstudearje

Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert is ticht fanwege de coronakrisis, mar dochs is der in studint dy't ôfstudearre is, mar dan online. Lieuwe Nijboer hat de einpresintaasje foar syn stúdzje Technyske Bedriuwskunde op it ynternet dien.

Neffens Lieuwe wie it wol oars om it online te dwaan, mar it koe net lije om de einpresintaasje út te stellen. Syn eksaminatoaren sizze dat it foardiel fan de online oanpak is, dat it allegear better te plannen is. It neidiel is datst minsken net echt sjochst. En dat is by ôfstudearjen wol in gemis, sizze se.

14:25
Bloedplasma fan eks-coronapasjinten

It Erasmus MC yn Rotterdam begjint dizze wike mei it jaan fan bloedplasma fan eks-coronapasjinten oan minsken dy't it firus noch wol ha. Wa better wurden is fan in ynfeksje hat meastentiids antystoffen yn it bloed. Mooglik kinne dy tsjinje as genêsmiddel foar sike pasjinten. Earder joech de etyske kommisje der grien ljocht foar. It sikehûs siket minsken dy't better wurden binnen fan in fêststelde ynfeksje mei corona. Se moatte gjin klachten mear ha en meiwurkje wolle oan it donearjen fan plasma. Bloedbank Sanquin sil it bloedplasma ôfnimme. Donoaren moatte har fia mail oanmelde by it Erasmus MC (concovid.study@erasmusmc.nl).

13:59
Mear as tûzen coronadeaden yn Nederlân

It tal coronapasjinten dat ferstoarn is yn Nederlân, is mei 175 omheech gien nei 1.039. Dat hat it RIVM niiskrekt bekend makke. Yn totaal hawwe 12.595 minsken posityf test op it coronafirus, moandei wiene dat der noch 845 minder. De lêste 24 oeren binne der 722 minsken mei in coronabesmetting opnommen yn it sikehûs, it totaal komt dêrmei op 4.712.

De kaart fan it RIVM is no wizige nei it oantal opnommen pasjinten yn elke gemeente yn Nederlân. Neffens it RIVM jout dat in better byld fan de fersprieding as it oantal melde pasjinten op de âlde kaart.

13:51
Frysk Diktee ferskood nei juny

Fanwegen de coronamaatregels giet it Grut en Lyts Frysk Diktee op 21 april net troch. Oant 1 juny kinne der gjin evenminten holden wurde yn Nederlân. Foar it Grut Frysk Diktee hat de organisaasje, mei in slach om 'e earm, in reservedatum keazen: tiisdei 16 juny.

13:09
Kaartferkeap Veenhoop Festival útsteld

De organisaasje fan it Veenhoop Festival hat besletten de kaartferkeap foarearst út te stellen. Foar organisatoaren fan eveneminten is it in lestige oerwaging: sizze we ús feest ôf of wachtsje we dochs noch efkes? Jan Feitsma, foarsitter fan it Veenhoop Festival is hoopfol, mar hy is fansels al benijd nei de parsekonferinsje fan it kabinet fan tiisdeitejûn. "Wy soene yn prinsipe 15 april begjinne mei de kaartferkeap", seit Feitsma. Minsken hiene dus noch gjin jild útjûn oan kaartsjes foar it festival. Feitsma: "Dêrom tochten wy: we stelle it noch mar in pear wiken út. Dan binne we seker wêr't wy oan ta binne."

Nei de parsekonferinsje oer de coronamaatregels hopet de organisaasje de knoop trochhakje te kinnen. "Trije wiken foar it feest soene we noch wol beslute kinne om it trochgean te litten." It programma is al rûn en de artysten binne al fêstlein. As it Veenhoop Festival trochgiet, wurdt it hâlden fan 17 oant en mei 20 july.

Jan Feitsma, foarsitter fan it Veenhoop Festival

12:29
Iepening Lelystêd Airport útsteld

De iepening fan Lelystad Airport wurdt útsteld oant novimber takom jier. Dat meldt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer oan de Twadde Keamer. Troch de coronakrisis is it net nedich dat de lofthaven, dy't fakânsjeferkear fan Schiphol oernimme moat, noch dit jier iepengiet.

12:24
Skoalbern misse juffen ek

Learlingen fan GBS de Princenhof yn Ljouwert ha reagearre op it boadskip fan harren juffen. Dy hiene oan de binnenkant op it rút "lieve kinderen wij missen jullie" plakt. Oan de bûtenkant ha twa bern in briefke ophongen mei it boadskip: "Lieve juffen: Antje, Miranda, Loes, Jitske wij missen jullie ook! Micha en Esra."

Foto: Kappers Media
12:05
Alve minsken ferstoarn oan corona yn Fryslân

Sûnt de útbraak fan it coronafirus binne yn Fryslân alve minsken ferstoarn oan de gefolgen fan dat firus. Dat hat de GGD no nei bûten brocht. Mei de sifers fan ferline wike stie it oantal noch op twa deaden, mar der binne no dus al folle mear minsken oan it firus ferstoarn. Fierder makket de GGD bekend dat seis nije minsken posityf test binne op it firus. It totaal stiet dêrmei no op 128 positive tests yn Fryslân.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân seit dat dizze taname net samar ynienen komt. "Dat is niet ineens. Niet alle sterfgevallen worden direct bij ons gemeld. Natuurlijk worden bij een sterfgeval eerst de nabestaanden en de behandeld huisarts geïnformeerd en pas daarna komt de GGD in beeld."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

11:26
Himmelje mei de smoargenschallenge

Offalferwurker Omrin hat in alternatyf betocht foar de himmelwiken dy't dit jier net trochgean kinne fanwege de coronamaatregels. Dêr dogge alle jierren tûzenen bern oan mei. Omrin hat op de webside himmelwike.nl fan alles betocht om it ûnderwerp dochs ûnder it omtinken fan de bern te hâlden: in smoargenschallenge, in ôffalkwis en bou- en kleurplaten. Der steane ek tips op om te nifeljen en der binne filmkes. Bern kinne in priis winne mei de smoargenschallenge en se kinne sels chatte mei ôffaladviseur Pieter.

11:20
UWV iepenet loketten foar bedriuwen

Bedriuwen dy't troch de coronacrisis omsetferlies ha, kinne nije wike telâne by spesjale loketten om in bydrage yn de leankosten oan te freegjen. It UWV stribbet dernei de loketten fan moandei 6 april iepen te ha. Bedriuwen dy't oan de betingsten foldogge, kinne binnen twa oant fjouwer wiken in foarskot ferwachtsje. Dat meldt it ministearje fan Sosjale Saken.

11:04
Corona of heakoarts?

We sitte op it stuit massaal thús fanwege it coronafirus, mar troch it mooie waar nimme de kommende tiid de heakoartsklachten ek wer ta. Benammen foar minsken dy't allergysk binne foar bjirken en esken. Fan dizze beamsoarten binne der op it stuit frij hege konsintraasjes pôlen yn de loft te finen, meldt bygelyks Hooikoortsradar.

De symptomen fan heakoarts komme oerien mei dy fan in mylde besmetting mei it coronafirus: ferstopte noas, snotterje, prúste, hoastje en pinekiel. Koarts bliuwt út by heakoarts. Troch it thúswurkjen is der foar heakoartspasjinten ien grut foardiel: de bleatstelling oan pôlen is in stik leger en dêrtroch kinne de klachten mylder wêze.

9:42
Meldingen húslik geweld ferdûbele

By Fier, it lanlik ekspertize- en behannelsintrum yn Ljouwert, is it tal meldingen fan húslik geweld en bernemishanneling de ôfrûne wike ferdûbele. Troch de maatregels fan it kabinet om safolle mooglik thús te wêzen en te wurkjen kinne de spanningen yn 'e hûs bot oprinne.

"Wy skrikke fansels ek fan dizze sifers, mar wy hienen it wol in bytsje oankommen sjoen", fertelt teamlieder Grytsje van der Meer fan de krisis- en spoedôfdieling fan Fier. "No't eltsenien thússit, ticht opinoar, dan gean der ek in soad saken mis. Wy hawwe it echt wol oer foars húslik geweld, blauwe plakken by bern, mar ek geweld ûnder folwoeksenen."

Sitsto of sitte jo yn in situaasje mei húslik geweld? Of hawwe jo in fermoeden fan húslik geweld by famylje of de buorlju? Nim dan kontakt op mei Fier of de plysje. Fier hat in anonime chat: www.chatmetfier.nl.

Grytsje van der Meer fan Fier

9:12
Ekstra bêden Fryske sikehuzen

Sikehuzen yn Fryslân riede har ta op in groeiend oantal coronapatsjinten. Sa binne der krekt wer 60 nije bêden beskikber makke. "De ziekenhuizen van Fryslân, Groningen en Drenthe hebben dagelijks overleg over de capaciteit van bedden", fertelt wurdfierder Frits Mostert fan de noardlike sikehuzen.

"We hebben in het MCL een aantal extra bedden beschikbaar gesteld, dat zijn er ongeveer zestig. Verder doen alle Friese en noordelijke ziekenhuizen hun uiterste best om de opvang mogelijk van coronapatiënten mogelijk te maken. Dat gebeurt niet alleen door bedden vrij te maken, maar ook door afschalen: dat betekent dat je de zorg die niet acuut nodig is afschaalt en die bedden beschikbaar maakt voor coronapatiënten." Lês it folsleine artikel hjir.

8:47
Thússitte mei de bern

Krije de maatregels dy't it kabinet naam hat fanwege de corona-útbraak in ferfolch nei it kommend wykein? Op dy fraach komt tiisdei in antwurd en it liket wol dy kant út te gean. Ien fan dy maatregels is de sluting fan de skoallen. Carla Engelsma is mem fan trije bern, dy't al in pear wike net nei skoalle kinne. Hoe giet it no mei harren? "It entûsjasme is helaas wat ôfsakke", seit mem Carla. "De earste wike wie it natuerlik hartstikke spannend en oars. Merkst wol dat de fokus begjint te ferlizzen. Se misse harren freonen hiel bot."

De bern krije lesmateriaal fan skoalle, mar dat binne oant no ta benammen werhellings. It kontakt mei skoalle is goed, seit Carla, en ferrint fia app en telefoan. "De juffen belje geregeld even, hoe't it giet mei de bern. Ek sels even de bern oan de telefoan, om te freegjen hoe't it giet. Dat giet fantastysk."

Mem Carla Engelsma oer it thússitten mei trije bern

8:08
Fryske taksys nei Den Haag

Fryske taksysjauffeurs fiere tiisdei aksje. Yn kolonne sille se fia de Ofslútdyk nei Den Haag ride. Taksybedriuwen hawwe it dreech op it stuit troch de coronakrisis. Sy krije gjin fergoeding foar de omset dy't se misrinne, wylst oare ûndernimmers oanspraak meitsje kinne op 4.000 euro.

Der is gjin ferbod op taksyferfier, mar minsken wurdt advisearre allinnich in taksy te nimmen as it strikt needsaaklik is, bygelyks foar in medyske behanneling. Net elk taksybedriuw hat buskes en dus de mooglikheid om bygelyks mei in skerm genôch ôfstân te hâlden tusken sjauffeur en passazjiers. Yn in persoane-auto is soks net mooglik.

De lytsere taksyûndernimmers wolle no krekt as oare sektoaren ek kompensaasje fan de oerheid. Neffens taksysjauffeur Cor Bil fan Ljouwert is it net te rymjen dat se gjin fergoeding fan it ryk krije en dêrom giet hy nei Den Haag. "It wurdt net in demonstraasje, mar wy wolle gewoan in statement meitsje. Wêrom komme wy net yn oanmerking foar dy kompensaasjeregeling? Dat fine wy hiel ûnearlik", seit Bil.

Taksysjauffeur Cor Bil fan Ljouwert sil nei Den Haag ta

6:35
Sjoernalist 'fêst' yn Ljouwert

Foar Christiaan Triebert, sjoernalist by The New York Times, is Ljouwert no it wurkplak. Hy wie hjir op famyljebesite by syn âlden, bruorren en suster, doe't presidint Trump in ynreisferbod ynstelde foar minsken út de Europeeske Uny wei. Dêrom wurket Triebert, bekend fan ûndersykskollektyf Bellingcat, op de souderkeamer fan it hûs fan syn mem. Al syn kollega's fan The New York Times wurkje al fan hûs út. Yn syn stêd New York is it coronafirus in grutte ramp. Amearika is it lân mei de measte besmettingen op de wrâld, en it hert fan de corona-útbraak is New York.

Triebert sit lykwols yn Ljouwert, fier fan syn nije wenplak New York. "Ik zit voornamelijk bij mijn moeder thuis op de zolderkamer. Daar stond nog een houten bureau van mijn broer die hier meer dan een decennium geleden woonde. Ik heb een monitor gekregen van mijn andere broer, die kan ik mooi aansluiten straks. Mijn laptop is hier. Koffie van mijn moeder. En af en toe werk ik bij mijn vader in de huiskamer. Het is een privilege om dicht bij mijn ouders en familie te zijn. In New York zou ik in zelfisolatie in een appartementje zitten. Je weet niet hoe lang het gaat duren en dan is het fijn dat je één-op-één je ouders kunt spreken en in dezelfde tijdzone zit."

Sjoernalist Christiaan Triebert is op it stuit yn Ljouwert

6:05
Fryslân Fit!

Fryslân fan 'e moarn

Net allinnich yn dit liveblog kinst al it coronanijs folgje, mar ek by ús op radio en telefyzje. Te begjinnen mei it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn, fan 6.00 oant 9.00 oere.

Fryslân Fit

En op telefyzje stjoere wy Fryslân Fit út: in programma foar thússitters om even lekker yn beweging te wêzen. We begjinne mei in warming-up en dêrnei dogge we trije oefeningen. Sportynstrukteur Dirk Jelke de Boer en syn twa kollega's dogge de oefeningen foar. Fryslân Fit is fan moandeis oant en mei freeds en wurdt trije kear moarns útstjoerd: om 9.00, 10.00 en 11.00 oere.

Foto: Shutterstock
6:00
Wolkom!

Goeiemoarn en wolkom by dit liveblog fan tiisdei 31 maart oer it coronafirus. Dit wie it wichtichste nijs fan moandei:

  • Neffens it Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland lizze der yn Fryslân op dit stuit 31 minsken op de intensive care en nochris 73 minsken yn sikehuzen (bûten de IC).
  • Nei alle gedachten sil it kabinet tiisdei om 19.00 oere hinne wer in parsekonferinsje hâlde oer it wol of net ferlingjen fan de coronamaatregels.
  • Yn Drachten en Beetstersweach wurde woansdei corona-lokaasjes fan Talant iepene foar minsken mei in ferstanlike beheining. Yn totaal kinne der 33 minsken terjochte.
  • De GGD Fryslân hat moandei 7 nije coronagefallen fêststeld. Yn totaal ha no 122 minsken yn ús provinsje posityf test op it firus, twa minsken binne deroan stoarn;

It liveblog fan moandei is hjir nei te lêzen.

31 mrt 2020 - 22:56