Corona smyt grutte problemen op foar de lytse ielfisker: De Jager hâldt hoop

30 mrt 2020 - 21:33

Ek de ielfiskerij leit foar it grutste part stil op dit stuit. In kiloke iel kin noch wol op bestelling, mar om't alle restaurants ticht binne hoege de measte lytse fiskbedriuwkes it wetter net mear op. Yn Fryslân binne offisjeel noch sa'n tolve ielfiskers, faak ienmanssaken. Dy binne foar in grut part ôfhinklik fan de hoareka. Supermerken en fiskwinkels krije harren iel faak fan gruttere produsinten.

Ielfisker Ale de Jager fan Reduzum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ale de Jager fan Reduzum is sa'n lytse fisker dy't it dreech hat. "Dit is kloate, dizze tiid. Foar eltsenien fansels, mar foar de fiskerij ek. Je kinne en meie wol fiskje, mar wat foar doel hat dat as je de fisk net kwyt kinne. Ik leverje oan tolve restaurants, mar dy binne allegearre ticht. En de hannel haw ik belle, mar dy hoecht se ek net. Want dat guod giet ek nei de hoareka. Je kinne se better swimme litte," seit De Jager.

Leverje oan de regio

De Jager hat sels noch in pear fûkjes út stean. "Foar eigen brûk en myn winkeltsje oan hûs. Dus as ik fraach haw, kinne minsken wat bak-, stoof- of rikke iel helje. Sa wurket it. Ik hoech net bulten iel no. Ik bin te lyts om oan de supermerk te leverjen. Wy hawwe in kwotum yn Fryslân, dat is net gigantysk heech mar wy kinne der fan libje. Ik haw in streekprodukt, ik leverje oan de regio. Ik haw in rikkerij oan hûs en alles is hjir yn oarder om eigen fisk te ferwurkjen."

De ielfisker fan Reduzum hat nettsjinsteande de minne fisktiid noch genôch te dwaan. "Ik meitsje no nije netten, de boaten moatte ûnderhâlden wurde. Ik sko it wurk wat nei foaren. Hjir hawwe je net op rekkene. Ik haw krekt foar in moai kapitaal ynvestearre yn nije peallen, want de stokken ferrotsje. Ik hoopje wol dat se der dit jier noch yn komme, oars hie ik it better útstelle kinnen."

Ielfisker Ale de Jager fan Reduzum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Min foar de ielstân

Neffens him is dizze twongen fiskstop hielendal net goed foar de fiskstân. As it wer los giet sil der in fangstpyk ûntstean, wat hielendal net sa goed is foar de ielstan. It is neffens him folle better de fangst stadichoan te dwaan. "Stel dat wy yn july wer fiskje meie: dan begjint eltsenien ynienen te fisken. Dan is der fuortendaalks wer fraach fan restaurants, dan wurdt der in grutte druk op de iel set."

Slagget it De Jager om it noch efkes út te sjongen? "Ik bin wol handich en kom út de bou, dus ik soe altyd wer wat oppakke kinne. Mar net ien wit hoe't it komt. Bliuw mar rêstich en brûk it ferstân."

Ielfisker Ale de Jager fan Reduzum

By fisker Ale de Jager fan Reduzum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)