Fernielingen by de fuotbalklup yn Makkum
By VV Makkum hawwe fandalen oan it wurk west: twa bûgels fan goals binne ferbûgd en tsjin de raamkes yn de doarren fan it gebou fan de klup is stront smard. De fuotbalklup lit op sosjale media witte net bliid te wêzen mei de aksje. Der is neat bekend oer wa't de dieders fan de fernielingen wêze kinne.