Fryske politisy komme yn aksje foar flechtlingebern op Lesbos

Fryske politisy binne ree om fiifhûndert bern út flechtlingekampen op Lesbos en oan de Gryksk-Turkske grins op te nimmen. Dêrfoar is moandei op it provinsjeshûs yn Ljouwert in manifest oanbean. De politisy wolle dêrmei sjen litte dat de wil der is. Der binne 142 hantekeningen set.
Bern by Lesbos © Wikimedia Commons

Los fan politike kleur

It manifest is allinnich ûndertekene mei de eigen namme en it stiet los fan politike kleur. De oprop is om sa gau as mooglik wat te dwaan foar de bern dy't yn de kampen sitte. De aksje 'Coalition of the Willing' foar de kampbern rint al in skoftsje. Helporganisaasjes hawwe trije wike ferlyn in oprop dien oan Europa en ek oan Nederlân om de flechtlingebern út de kampen op te heljen.
Yn al dat coronanijs is dy oprop doe ûndersnijd, fertelt Stephanie Geurtz dy't de 142 Fryske hantekeningen moandei oan de boade op it provinsjehûs oerlange hat. Fanwege it coronafirus is ek it provinsjehûs safolle mooglik ticht foar besikers.

"Corona driget ek yn de kampen"

Ek dêr yn de flechtlingekampen leit corona op de loer en dêrom is it no urginter as ea om de bern op te heljen. Ast noch langer wachtest en it firus op grutte skaal útbrekt, is Grikelân ek troffen en dat is in EU-lân. En as ien fan EU-lidsteaten yn de problemen rekket, fan reitsje wy ek yn problemen, seit Scheepsma.

Solidariteit

Dus is de needsaak allinnich mar grutter wurden. Geurtz seit dat wy yn Nederlân op 't heden seker in soad oan de holle hawwe. Mar ast yn in needsituaasje ferjitst dat oaren ek yn need sitte, dan hast net begrepen wat solidariteit is. Geurtz giet derfan út dat kommissaris fan de Kening Brok it boadskip dat yn Fryslân plak is, oerbringt nei Den Haag. Moandei giet der nochris in nije oprop út nei alle Fryske boargemasters en riedsleden: Niet vergeten die kinderen op te halen en wel nu.
Stephanie Geurtz