Tankstasjons ferkeapje folle minder brânstof

30 mrt 2020 - 17:18

Tankstasjons hawwe ek bot te lijen fan de coronakrisis. Oan de pomp wurdt op syn minst de helte minder brânstof ferkocht as gewoan. Benammen partikulieren litte it ôfwitte om't se thúswurkje en hast net mear de dyk op hoege. Pomphâlders dy't ek in garaazjebedriuw hawwe helje dêr wol wat kompensaasje út.

Yn de wurkpleats is it drok, mar nije auto's wurde der hast net ferkocht, fertelt Piter de Jager fan AutoFirst yn Hurdegaryp. By de pompen dy't it fan brânstof en de ferkeap fan iten en drinken hawwe moatte is dy kompensaasje der folle minder. "Wy hawwe sa'n santich prosint minder omset, no't partikulieren minder tanke." Wol wurde dêr mear sigaretten ferkocht.

In tankstasjon op De Jouwer hat maatregels tsjin it coronafirus nommen - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Piter de Jager fan AutoFirst Hurdegaryp

Wat De Jager ek opfalt is dat minsken de APK- en ûnderhâldsbeurt no wol ynplanne. "Se brûke de auto dochs net, dat it is no makliker om de auto in dei te missen."

Feike Ewen fan Oliehandel Postma

Dyselde tendins falt ek Feike Ewen fan Oliehandel Postma yn Tytsjerk op. "Minsken sels litte har gesicht minder sjen. Wy merke wol dat bedriuwen no oalje ynkeapje, om't se benaud binne dat dat der aanst minder wêze sil."

Dirk Jan van der Woud fan de Esso yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)