Net nei de sportskoalle? Dan de spinfyts thús

30 mrt 2020 - 17:10

Net nei de sportskoalle, mar thús op de spinningfyts of yn de húskeamer switte by in les bodypump. De sportskoallen binne ticht mar it ferlet om te sporten bliuwt. Bewegingscentrum Leeuwarden wol foarsjen yn it ferlet dat ûntstien is no't har leden net mear komme meie. Sy liene sportattributen út lykas spinningfytsen en bodypump-stangen út.

Mar dat is net it iennichste. Se meitsje online lessen derby. Der wurdt kontakt opnaam mei de leden om in programma te meitsjen dat op maat is. "Hjir beweecht it altyd en dat is no oars. Mar goed, it is net oars, wy moatte it hjir mei dwaan en dan moatte wy oare wizen betinke om de minsken yn beweging te bringen," seit direkteur Joan Boelens.

Bewegingscentrum Leeuwarden sjocht it ek as har ferplichting om wat te betinken foar har leden. Dêrom biede se dan ek har eigen materiaal oan. "Wy tochten, it guod stiet hjir dochs en wy wolle ús sporters en de meiwurkers fan NHL Stenden ek graach yn beweging hâlde. Minsken reagearren hiel entûsjast."

Work-outs

It gebou fan it Bewegingscentrum is fansels ticht. Dochs wurdt der troch de ynstrukteurs noch oan sport dien. "We nimme hjir lessen op. Dy stjoere wy nei de minsken thús."

Se wolle minsken stimulearje om wol alle dagen te bewegen. "Je moatte wat dwaan. Neat dwaan is echt gjin opsje. We moatte net by de pakken delsette, dy opsje is der net," sa seit Boelens.

Dochs binne der ek soargen oer it feit dat minsken harren abonnemint opsizze sille. "Ja, dat is sa. Mar wy sjogge wol hoe't it komt. Bedriuwen wolle ús helpe en wy sjogge ek dat in soad leden hiel loyaal nei ús binne. Wy sille it posityf ynstekke en dan sjogge we wol hoe't it komt."

Nathalie Hettinga is dwaande mei in work-out fan it Bewegingscentrum Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

'Ik bliuw lid, hielendal yn dizze tiid'

Nathalie Hettinga is ien fan de leden dy't work-outs besjocht fan it Bewegingscentrum fia har laptop. "Ik haw wol mear motivaasje om te sporten as ik nei de sportskoalle sels gean," jout sy ta. "Mar ik fyn it hiel moai dat se it oanbiede. Ik doch hast alle dagen in oerke ien fan de work-outs." Sy sil dan ek net har abonnemint opsizze omdat se no net sporte kin by it Bewegingscentrum. "Ik kin net yn de beurs fan in oar sjen mar ik sis myn abonnemint net op. Ik bliuw se stypjen, hielendal yn dizze tiid," seit Nathalie.

Spinningsfytsen by Bewegingscentrum Leeuwarden - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
(advertinsje)
(advertinsje)