Fries Museum it tydlik atelier fan Claudy Jongstra

30 mrt 2020 - 16:22

Keunstneres Claudy Jongstra wurket op it heden yn de grutte hal fan it Fries Museum yn Ljouwert oan in nije útstalling. Dy is fan 't hjerst te sjen yn museum De Lakenhal yn Leiden.

Claudy Jongstra oan it wurk - Foto: David Vroom

Jongstra socht al in skoft nei in spesjale romte, omdat it by de nije útstalling giet om hiele grutte keunstwurken. No't it Fries Museum sletten is fanwege it coronafirus, is der romte genôch foar Jongstra om dêr yn de ûntfangstromte te wurkjen. Ein 2020 hat Jongstra in grutte solotentoanstelling yn Leiden. Neist besteand wurk sil dêr de grutste ynstallaasje út de karriêre fan Jongstra útstald wurde.

Corona makket keunsttema's noch relevanter

De coronakrisis set Jongstra as keunstner ekstra ta neitinken. "Bij het maken van kunst is voor mij een holistische benadering van fundamenteel belang. In mijn werk staan de regeneratieve landbouw, lokale materialen en behoud van oude kennis centraal. In deze tijd van coronacrisis blijkt dit nog relevanter en belangrijker dan voorheen. Nu de wereldwijde toeleveringsketens onder de huidige beperkingen staan, merken we de voordelen van het beschermen van lokale hulpbronnen en het nieuw leven inblazen van regionale productiesystemen."

Realisaasje fan nije keunst

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum is wiis mei dizze wize fan gearwurkjen: "We zijn blij dat we zelfs in deze moeilijke tijden kunnen bijdragen aan de realisatie van nieuwe kunst. Dat Claudy Jongstra als kunstenaar in Fryslân kan werken bij ons in de hal, waar een groot werk van haar permanent te zien is, maakt het een logische plek." Minsken kinne fia de social mediakanalen fan beide musea meisjen hoe't Jongstra oan it wurk is.

(advertinsje)
(advertinsje)