Fideodeiboek oer de coronakrisis: "Er komt zoveel op je af, dan weet je ook niet meer wat je moet geloven"

30 mrt 2020 - 17:20

In dokter, dosint of in boskwachter: eltsenien belibbet de coronatiid op syn eigen wize. Om fan binnenút de provinsje sjen te litten wat der krekt spilet, hat Omrop Fryslân vlogprojekt 'Berjochten út it hert' opset. In netwurk oan minsken út de hiele provinsje wei sil de kommende tiid fideodeiboeken meitsje fan harren deistige wurksumheden. We begjinne dizze searje yn it MCL.

Ien fan dy minsken is kardiolooch Heleen Lameijer. Se wurket as arts op de spoedeaskjende help yn it Medisch Centrum Leeuwarden. Se fynt it wichtich om te vloggen sadat minsken better witte hoe't medyske saken wurkje en derom ek better foar harsels soargje kinne.

Lameijer: "Daarnaast zitten heel veel mensen met vragen. Er komt zo veel op je af. Dan weet je ook niet meer wat je moet geloven. Als tegenhanger voor fake news heb ik een instagramaccount waar ik vragen van mensen beantwoord."

Foto: Omrop Fryslan

Heleen Lameijer

De grutste feroaring by de ôfdieling fan Lameijer is de yndieling. "We hebben op de spoedeisende hulp twee gangen. Door corona hebben we nu een van deze gangen voor normale klachten en de andere gang is volledig voor patiënten met corona of die we ervan verdenken. Je kunt dus ook zo in een dienst de hele dag geen coronapatienten zien."

Mar it wurk is itselde, fertelt Lameijer. Dat is net oars as oars. De klean dy't se oan ha moat wol. "De pakken die we aan moeten, zijn warm en zitten erg strak. Ook de bril zit strak. Dit maakt het ook wel indrukwekkend. Maar het werk op zich niet."

Heleen Lameijer op de spoedeaskjende help - Foto: Omrop Fryslân, Heleen Lameijer

Neist Lameijer komme der yn de kommende tiid in hiel soad oare minsken oan it wurd. Bygelyks ferpleechkundige Sandra Di Rocco fan Nij Smellinghe, boskwachter Anke Bruin fan Steatsboskbehear Flylân en muzykdosint Gatse Hylkema. Folgje de fideodeiboeken fan 'Berjochten út it hert' op ús dossierpagina.

(advertinsje)
(advertinsje)