Tjalling van der Goot hat ferdigening fan fertrochte advokaatmoard dellein

30 mrt 2020 - 15:19

Advokaat Tjalling van der Goot hat de ferdigening fan syn kliïnt Giërmo B. dellein. Dat is de fertochte fan de moard op Derk Wiersum, dy't yn septimber delsketten waard. Van der Goot wol net sizze wêrom't dit beslút nommen is. Dat hat neffens him te krijen mei it beropsgeheim.

Foto: Omrop Fryslân

Van der Groot ferklearre wol dat it neat te krijen hat mei de bakstien dy't sneon by it advokatekantoar Anker & Anker oan de Ossekop yn Ljouwert troch it raam smiten is. It kantoar sil dêr oanjefte fan dwaan.

De ferdigening fan de fertochte is oernommen troch Jacques Taekema.

(advertinsje)
(advertinsje)