Eurohotel wol fergees keamers oanbiede oan soarchmeiwurkers

30 mrt 2020 - 15:06

It Eurohotel yn Ljouwert stelt keamer beskikber foar soarchpersoniel dat rêst nedich hat. Foar de oernachtings hoecht net betelle te wurden, it is fergees. Hotels binne wol gewoan iepen yn dizze tiden fan coronakrisis. Yn it suden fan it lân binne ek bedriuwen dy't keamers beskikber stelle foar minsken yn de soarch dy't sa wat bykomme kinne.

Wat werom dwaan foar de maatskippij

Meiwurkers fan it Eurohotel brochten eigener Jochem van der Schoot op it idee. Soarchpersoniel wurket dizze dagen ûnder hege druk en kin yn it hotel ta rêst komme. In soad keamers bliuwe leech en it personiel moat dochs oan it wurk bliuwe.

Eigener Jochem van der Schoot wol mei de fergeze oernachtings neffens eigen sizzen 'wat werom dwaan foar de maatskippij'. Ek minsken fan bûtenôf kinne fergees yn it Eurohotel oernachtsje, as se hjir yn de omkriten ynset wurde. Van der Schoot seit de earste kontakten al lein te hawwen mei sikehûs MCL yn Ljouwert en it Antoniussikehûs yn Snits.

Goed ûntsmette

De hoteleigener is net benaud foar cornonabesmettingen troch it binnenheljen fan soarchpersoniel. It hotel hat oant no ta altyd iepen west en ek gasten hân út it suden fan it lân. Fan harren is ek net bekend mei wa't dy yn oanrekking west hawwe. Fansels hâldt it hotel him oan de rjochtlinen fan it RIVM. Dat wol ûnder oare sizze dat alles goed ûntsmet wurdt. Van der Schoot hopet mei dit nije inisjatyf salang mooglik iepen te bliuwen.

Diner foar twa mei net

Earder kaam it hotel ek al op it idee om yn aparte kearmers diners foar twa minsken te servearjen, mar dat mei net fan de gemeente Ljouwert.

Jochem van der Schoot fan it Eurohotel yn Ljouwert

Hotelbel - Foto: Shutterstock.com
(advertinsje)
(advertinsje)