Fryske sikehuzen lêst fan lanlike telefoansteuring

Meardere sikehuzen yn it hiele lân wiene in skoft min te berikken fanwegen in lanlike steuring. Under oare it Antoniussikehus yn Snits sei dat it min te berikken wie.
© Argyf
De sikehuzen koene sels ek net belje. Der wie in lanlike steuring by Ziggo, KPN en Vodafone. Neffens Ziggo wiene der problemen mei de fêste telefoanferbiningen yn ferskate parten fan it lân. Hoe't it kin dat it foaral om sikehuzen giet, is net dúdlik.