SC Hearrenfean seit formeel fiif kontrakten op

SC Hearrenfean hat de kontrakten fan Daniël Høegh, Ricardo van Rhijn, Warner Hahn, Filip Bednarek en Trevor Doornbusch formeel opsein. Fan Høegh en Hahn wie al bekend dat se SC Hearrenfean ferlitte soene.
Ricardo van Rhijn (links) © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Spilers mei in ôfrinnend kontrakt moatte foar 1 april fan har wurkjouwer dúdlikheid krije oer harren kontrakt. Sa net, dan wurdt de oerienkomst automatysk mei in jier ferlinge.
De formele opsizzing betsjut net dat de gearwurking beëinige wurdt. Technysk manager Gerry Hamstra giet noch yn petear mei de beide keepers Bednarek en Doornbusch en mei ferdigener Ricardo van Rhijn.
Technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean