Boeren bringe manmachtich fretten nei bisten fan Circus Renz

30 mrt 2020 - 13:34

Ferskate boeren út Fryslân binne mei fretten nei it Fries Congrescentrum yn Drachten riden foar de bisten fan Circus Renz. It sirkus hat krekt lykas oare jierren, oerwintere op it terrein achter it kongressintrum. Mar no't it seizoen eins wer begjinne moat, stiet it sirkus fanwege de coronakrisis stil. It sirkus rôp elkenien op om te helpen om't it jild op is. Dêr waard manmachtich gehoar oan jûn.

Foto: Anton Kappers

Karren fol mei hea, kuilpakken en in frachtwein fol mei woartels waarden yn Drachten ôflevere foar de ferskate bisten. Der is yn alle gefallen wer foar sa'n twa oan trije moannen fretten foar de sirkusbisten.

(advertinsje)
(advertinsje)