Taksy- en touringcarbedriuwen krije gjin stipe, Dalstra: "Alles stiet stil"

30 mrt 2020 - 13:19

Taksy- en touringcarbedriuwen komme noch hieltyd net yn oanmerking foar de finansjele needregeling fan it kabinet. De regeling is nei krityk al oanpast, mar persoanenferfierders binne dêr net yn meinaam. Dalstra Reizen fan Surhústerfean is ien fan de grutte touringcarbedriuwen yn de provinsje. Dêr hawwe se gau ferlet fan dúdlikens oer de regeling.

"Alles stiet stil"

Johan Dalstra, de direkteur fan Dalstra Reizen, kin der nachts al net goed mear fan sliepe. Oant begjin juny binne alle reizen skrast. Ek dêrnei is noch lang net dúdlik hoe't it komt "Alles stiet no stil. Gewoanwei begjint it no. Dan ha we fan de 25 bussen twatredde riden." Mar ride sit der no foarearst net yn. En de kosten binne al makke. "Lykas de folsleine rekreaasjebrânsj dogge jo de ynvestearringen yn de winter. No moatte jo fertsjinje."

"Oar bedriuw yn reissektor krijt wol stipe"

It bedriuw falt krekt tusken alle regelingen yn. Sa hawwe je foar de oanfraach foar it bedrach fan fjouwertûzen stipe foar grutte ûndernimmingen in saneamde SBI-koade nedich. Dalstra: "Wy ha dan koade 76.12. Dy kriget neat, mar koade 76.11 wol. Dat is dan in bedriuw dat ek yn de reisbrânsj sit. Dat sit skeef."

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Oprop kabinet smyt omsetferlies op

Koninklijk Nederlands Vervoer (KNV) fynt it ûnbegryplik dat ditsoarte bedriuwen gjin oanspraak meitsje kinne op stipe. Foarsitter Bertho Eckhardt seit dat der rap finansjele help komme moat. "Er is geen verbod op taxivervoer, maar er is door het kabinet wel gemeld dat je alleen een taxi moet nemen als het absoluut noodzakelijk is. Dat zit dicht tegen een verbod aan." It smyt in soad omsetferlies op. KNV ropt it ministearje fan Ekonomyske Saken op dizze brânsj ek op te nimmen yn de needregeling.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Kachel út

Om kosten te besparjen is de kachel by Dalstra Reizen op kantoar útset en binne de bussen út de fersekering en de wegebelesting helle. "Je hawwe no soargen oer alles. Soargen oer it personiel, mar ek oer de takomst. Want kinne we noch wol bestean bliuwe yn de takomst?"

Skerm yn de taksy

Vervoersgroep Noord fan Ljouwert sjocht ek dat de omset ynsakket. Direkteur Sjoerd Verkoelen hat it oer 80 persint. "We rijden nog wel, maar het houdt niet over. Alle traditionele stapavonden zijn weg, het is niet veel meer."

Dochs jout Verkoelen de moed net op. Om fierders ek feilich ride te kinnen hat er yn syn taksybus in skerm pleatse litten. "Dan zit je als chauffeur veilig en kun je rijden."

Verkoelen hat noed oer syn kollega's. Bedriuwen dy't aansens miskien al yn finansjeel swier waar komme. "Zelf red ik het eerst wel. Mijn mensen zitten wel thuis maar mijn vrouw en ik rijden door. Dat zorgt in ieder geval voor omzet."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei Johan Dalstra

(advertinsje)
(advertinsje)