Coronakrisis: Benammen hoarekabedriuwen melde har by banken

30 mrt 2020 - 12:58

De coronakrisis hat grutte gefolgen foar it bedriuwslibben, want it giet net goed mei ûndernimmers. De oerheid en de banken besykje ûndernimmers te helpen om oerein te bliuwen. Banken hawwe harren hannen dêr mear as fol oan. Sy kinne helpe troch de ôflossingsplicht stil te setten en kredytfoarsjenningen te ferromjen.

De Rabobank yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De coronakrisis treft benammen hoarekabedriuwen, want dêr is de omset fan de iene op de oare dei op nul kaam, fertelt direkteur Durk Mous fan de Rabobank Drachten-Noardeast-Fryslân. Mar it hat elk gefolgen foar bygelyks taleveringsbedriuwen yn de hoareka. De coronakrisis rekket bedriuwen yn breedste sin fan it wurd.

Oflossingsplicht stilsette

Sawol de oerheid as de banken hawwe maatregels naam om bedriuwen te helpen. Wat de bedriuwen it measte nedich hawwe fan de banken is it tydlik stilsetten fan de ôflossingsplicht en de mooglikheid om kredyt op te nimmen. Fierders moatte de regelingen fan de oerheid safolle mooglik tapast wurde.

Lêste triuwke

Mous wol net sizze oft der ek bedriuwen binne dy't op omfallen stean. It is dreech foar alle bedriuwen yn syn algemienheid. As in bedriuw der foar de krisis al min foar stie, dan kin dit it lêste triuwke wêze, seit er. It leit in grut beslach op middels en guon bedriuwen hawwe it dreech.

Oerlis mei ûndernimmersferieningen

Hoelang oft dit fol te hâlden is, is dreech yn te skatten, neffens Mous. As bedriuwen wat mear fet op de bonken hawwe, sille se it ek langer folhâlde. En dizze krisis treft net elk bedriuw op deselde wize. Mar as it te lang duorret, komme der problemen. Om bedriuwen safolle mooglik te helpen, sykje de banken gearwuking mei ynstânsjes en hawwe se geregeld kontakt mei ûndernimmersferieningen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)