Grutskalich Lifelines-ûndersyk nei it coronafirus yn Fryslân

30 mrt 2020 - 12:24

Dizze wike start Lifelines in grutskalich ûndersyk yn Fryslân, Grinslân en Drinte nei de risikofaktoaren foar corona. Goed 135.000 minsken krije in fragelist tastjoerd. Alle antwurden wurde keppele oan data dy't earder al sammele is troch Lifelines. Dêrby wurdt ûndersocht hokker erflike faktoaren en omjouwingsfaktoaren meispylje yn de earnst en de gefolgen fan de sykte. Ek wurdt ûndersocht oft it coronafirus ynfloed hat op it wolwêzen en de mentale sûnens fan minsken.

Foto: ANP Foto

Minsken dy't earder al meidien hawwe oan Lifelines krije in fragelist tastjoerd. "Dat zijn mensen die ouder zijn dan 18 jaar en waarvan we een mailadres hebben", leit Lifelines-bestjoerder Bert Jan Souman út. "Mensen krijgen iedere week een vragenlijst, zodat we goed kunnen zien hoe corona zich ontwikkelt. Ik doe de oproep: doe alsjeblieft mee aan dit onderzoek."

Hege prioriteit

It giet dus net allinnich om minsken dy't corona hawwe of klachten hawwe, mar ek om minsken dy't har noch sûn fiele, seit Souman mei klam. "Juist dat is voor ons heel waardevolle data om te zien hoe corona zich ontwikkelt. Het onderzoek duurt in ieder geval 2 of 3 maanden, mogelijk met een doorloop naar een half jaar om de effecten op de langere termijn te onderzoeken. Normaal duurt het maanden of zelfs jaren voordat de resultaten bekend worden gemaakt, maar je begrijpt dat dit een buitengewoon hoge prioriteit heeft. We proberen binnen enkele maanden de eerste resultaten bekend te maken."

Olympyske prestaasje

It Lifelinesûndersyk is in gearwurking tusken de Ryksuniversiteit yn Grins, sikehûs UMCG en de Aletta Jacobs School of Public Health. Souman: "Het is een olympische prestatie dat we in een week tijd zo'n groot onderzoek in de benen hebben gekregen. Lifelines heeft als begindoelstelling te onderzoeken waarom de ene persoon ziek wordt en de andere niet. We gaan als eerste de risicofactoren in de omgeving onderzoeken, zoals voedingspatroon en medicijnen. Daarnaast onderzoeken we markers in de genen, het DNA. Als derde element onderzoeken we wat het coronafirus met mensen doet: zijn ze bang of onzeker? En als laatste onderzoeken we hoe corona zich verspreidt in de noordelijke provincies."

Lifelines-bestjoerder Bert Jan Souman

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)