Sân nije coronapasjinten posityf test yn Fryslân

30 mrt 2020 - 12:08

Der binne sân nije Fryske pasjinten posityf test op it coronafirus. Dat meldt GGD Fryslân. Dêrmei komt it totaal posityf teste Fryske pasjinten no út op 122.

Foto: ANP Foto

Omrop Fryslân praat alle dagen mei Margreet de Graaf fan GGD Fryslân oer de lêste stân fan saken.


Wat kinne jo oer dizze sân nije gefallen fertelle?

"Wij testen op dit moment voornamelijk zorgverleners, zoals huisartsen, verplegers, mensen in de thuiszorg. Het betreft dus ook vooral deze mensen. Het aantal nieuwe patiënten verschilt per dag. We doen gelukkig met elkaar goed ons best en beschermen daarmee onze ouderen. Ik hoop dan ook dat het bij deze kleinere aantallen blijft. Dan kunnen wij onze IC-capaciteit in Fryslân beschikbaar stellen voor andere mensen in Nederland die het hard nodig hebben."

Hoe kin it dat der soms ferskillen sitte yn de sifers fan GGD Fryslân en it RIVM?

"Er zit een beetje tijdsverschil tussen inderdaad. Er zijn een aantal handelingen die eerst uitgevoerd moeten worden. Eerste horen de mensen natuurlijk zelf hun eigen uitslag, daarna hun behandeld arts. Pas daarna informeren wij het RIVM. Zij publiceren hun gegevens nadat ze van alle GGD's in Nederland hun informatie hebben ontvangen. Er zit dus tijdsverschil tussen wanneer wij onze dataverzameling gereed hebben en wanneer de RIVM dat heeft. Daar zit het verschil in."

Jim binne ek in kampanje begûn mei bekende Friezen. Waarom?

"We willen laten zien dat we het met elkaar moeten gaan doen. Zanger Raynaud Ritsma van Vangrail of politica Aukje de Vries (VVD) hebben inmiddels meegewerkt aan een promotiefilmpje om thuis te blijven. We komen de komende tijd met nieuwe bekende Friezen die meewerken aan onze campagne, maar wie dat zijn, houd ik nog even geheim."

Margreet de Graaf fan de GGD

Kapasiteit

Sikehûzen yn it noarden ha op dit stuit noch genôch kapasiteit om coronapasjinten op te fangen. Dat seit it ROAZ, it Regionaal Overleg Acute Zorg. De sikehûzen meitsje ek noch altiten mear romte om mear pasjinten opfange te kinnen. Lanlik wurdt besjoen hokker sikehûzen holpen wurde moatte omdat se de soarch net mear oankinne, en hokker sikehûzen noch romte ha. Sikehûzen skatte sels meardere kearen deis yn hoe't it liket mei de romte op de intensive care. Der wurdt dan ek sjoen nei de tastân fan pasjinten dy't no noch net op de IC lizze. As it der op liket dat sy dêr mooglik toch hinne moatte, wurdt dêr rekken mei hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)