Alden belje oft harren bern dochs nei opfang kinne

De berne-opfang moat sa gau as mooglik wer iepen foar alle bern. Dy oprop docht direkteur Ben Schniebers fan Kids First COP-groep. It bedriuw hat 145 berne-opfanglokaasjes yn de trije noardlike provinsjes, wêrûnder tsientallen ferspraat oer Fryslân.
Foarbyldfoto fan in pjut op de berne-opfang © Shutterstock.com
Neffens Schniebers 'regeert de angst' op dit stuit. "Gezinnen worden op de proef gesteld en gaan hier en daar kopje onder, nu ouders de zorg voor kinderen met thuiswerken moeten combineren." De opfanglokaasjes krije hieltyd mear fragen fan âlden dy't graach wolle dat de opfang wer iepen giet.
Dy meie no noch allinnich bern fan âlden mei in krúsjaal berop opfange. Schniebers jout oan dat bern neffens it RIVM gjin grutte rol spylje by it fersprieden fan it firus. Boppedat hingje guon bern no op strjitte om. "Op de opvang is het vermijden van lichamelijke contacten beter te managen", seit Schnieders.
Direkteur Ben Schniebers fan Kids First COP

"Beslútfoarming RIVM folgje"

De brânsjorganisaasje fan de berne-opfang seit dat se de beslútfoarming fan it kabinet ôfwachtsje en de oanwizings fan it RIVM folgje. Neffens de organisaasje fange bernedeiferbliuwen, gastâlden en de bûtenskoalske opfang mominteel tsien prosint fan it gewoane oantal bern op.