Bestjoer Le Roy-tún: 'Hâld op mei stellen fan ús guod"

30 mrt 2020 - 10:54

It bestjoer fan de Le Roy-tún yn Hearrenfean-Midden ropt minsken op om op te hâlden mei it stellen fan guod út de tún. Op harren Facebook-side ha se in foto pleatst fan in man dy't stiennen út de tún hellet en yn de kofferbak fan syn auto leit. In gefal fan streuperij, sizze de minsken fan de Le Roy-tún. "Een paar tegeltjes zullen ze toch niet missen? Maar dat doen we wel. We hebben ze niet voor niets daar naar toe gebracht."

Foto: Facebook: Ecokathedraal / Le Roy tuin Heerenveen-Midden

Op de facebookside leit it bestjoer út wat wetlik joen ûnder streuperij falt. "Maar in gewoon Nederlands: laten liggen die stenen. Dat kan je een paar honderd euro kosten. Wel een beetje duur voor een paar tegeltjes."

In pear wiken lyn kaam de Le Roy-tún ek al yn it nijs, nei't de gemeente wat te entûsjast snoeid hie. Stichting TIJD, ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de tún, drige der doe hielendal mei op te hâlden. Nei oerlis mei en ekskús fan de gemeente ha se it ûnderhâld dochs wer oppakt.

De tún yn it sintrum fan It Hearrenfean is yn 1966 oanlein troch de yn 2012 ferstoarne keunstner Louis Le Roy. It is in organyske tún. De tún is in publykslûker foar It Hearrenfean. Neist de tún op It Hearrenfean is Le Roy ek bekend fan syn Ekokatedraal by Mildaam.

(advertinsje)
(advertinsje)