Boufakker yn coronatiid: "Yn lytse groepkes om skaft en húske faker himmelje"

30 mrt 2020 - 09:22

Boufakkers yn Fryslân kinne noch gewoan oan it wurk, as se har hâlde kinne oan de opleine foarskriften fan it RIVM. Foar de meiwurkers fan it Jouster boubedriuw Cornel leveret dat oant no ta noch gjin problemen op. "Der is genôch romte om op minimaal oardel meter ôfstân faninoar te wurkjen."

Marten Cornel is direkteur fan Boubedriuw Cornel en is oansletten by Bouw Nederland-Noord. "It binne bysûndere tiden, dat de wrâld sa op syn kop stiet, is wol hiel bysûnder. Ik tink bêst faak oan kollega's dy't harren bedriuw slute moatte. Wy ha al in minne tiid achter de rêch en sitte te hannesjen mei de PFAS en de stikstof en dan komt dit der ek nochris by. Ik bin bliid dat wy trochwurkje meie."

Direkteur Marten Cornel fan Boubedriuw Cornel

Boufakkers oan it wurk - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Beheiningen

De boufakkers moatte harren oanpasse oan de regels. Bygelyks by putsjes dy't je oars mei jo beiden dogge. "Wy besykje dan in meganyske oplossing te betinken, dat wy dochs dy ôfstân hâlde kinne. Mar der binne ek klussen dy't no net kinne, bygelyks it pleatsen fan in dakkapel. Dat is wurk datst net allinnich dwaan kinst. Dy stelle wy no leaver efkes út of wy meitsje de kapel prefab al yn it fabryk."

De coronakrisis hat dochs wol deeglik ynfloed op it deistige wurk op 'e bou. "It begjint by it ferfier: twa minsken yn in buske. Fierder meie je net yn grutte ploegen ite. Fierder moatte wy soargje dat alles goed skjin is. It húske nei elk gebrûk skjinmeitsje en oars sette wy der wol in ekstra Dixi by. En fansels goed oerlizze mei de klant en spulregels mei-elkoar ôfprate."

It skrassen fan ús freedtemiddeibuorrel is sawat it muoilikste beslút yn myn karriêre.

Marten Cornel, direkteur boubedriuw
Maatregels op 'e bou - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Freedtemiddei sûnder buorrel

Boubedriuw Cornel is mei 25 minsken. "Dy jonges gean foarinoar troch it fjoer. It is sa lestich datst elkoar net iens mear in klap op it skouder jaan meist. Dat moat wenne, mar it giet goed."

Ien aspekt fynt Cornel dochs wol hiel dreech. "Wy hawwe de gewoante om freedtemiddei efkes in buorreltsje te dwaan. De ôfrûne wike efkes te bepraten en de nije wike troch te nimmen. Dat dogge we altyd mei in bierke derby. It is foar my tink wol it muoilikste beslút yn myn karriêre om dy freedtemiddeisbuorrel te skrassen."

Direkteur Marten Cornel fan Boubedriuw Cornel nochris

Trefwurden: 
bou Marten Cornel coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)