Automobilist (21) mei rydbewiis ynleverje by Ingwierrum

In 21-jierrige ynwenner fan Noardeast-Fryslân is it ôfrûne wykein by Ingwierrum syn rydbewiis kwytrekke. De man ried mei 138 kilometer yn 'e oere oer de Saatsenwei, tusken Eanjum en Ingwierrum. Hjir is maksimaal 80 kilometer yn 'e oere tastien.
© Omrop Fryslân
Foar begjinnende bestjoerders jildt dat it rydbewiis ynnaam wurdt, as se safolle te hurd ride.