Frou rydt mei drank op tsjin parkearde auto yn Drachten

Op de Oudeweg yn Drachten is sneintejûn in frou mei drank op tsjin in parkearde auto oanriden. Plysje en ambulânsepersoaniel waarden manmachtich oproppen. De frou rekke by it ûngelok net ferwûne. Ut in test die bliken dat se mei drank op efter it stjoer sitten hie.
© De Vries Media
Beide auto's rekken troch it ûngelok slim skansearre. De frou is meinaam nei it buro.