Kollum: "Termometer"

30 mrt 2020 - 08:35

"Foardat wy as sjoernalisten hjir by de Omrop komme meie, moatte wy thús earst ús temperatuer opmjitte. It hat fansels allegear te krijen mei it coronafirus. Dat lies ik ferline wike en it soarge fuortendaliks foar konsternaasje by ús thús. Want wêr yn al dy doazen en oare ferhûsrommel wie ús termometer? Sterker noch: hiene wy überhaupt wol sa'n ding yn hûs?

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Sûnt wy hast in healjier lyn ferhûze binne, sykje wy noch altyd om allerhanne guod dat spoarleas is. Guod datst net faak nedich hast, mar wol needsaaklik is. Sa ha wy moannenlang ús Rabobank Reader kwyt west. Moffen en mûtsen: ek nearne mear te finen. De waksineljochtsjes, ús paspoarten en it printerpapier: allegear fuort.

Tegearre ha wy socht nei in termometer en hiel wat doazen oer de kop helle. Nei in oerke sykjen hearde ik hoopfolle lûden út 'e garaazje kommen. Wy blykten dan dochs sa'n ding yn hûs te hawwen. Gelokkich, want dan koe ik yn alle gefallen moandei wer nei de Omrop.

Oft it no troch alle konsternaasje kaam, wit ik net, mar dy nacht koene wy beide net al te bêst yn 'e sliep komme. Draaie, te pisjen, wer draaie, alle oeren op 'e klok sjen én switte. Soenen wy dan dochs wat ûnder de leden ha? Moarns yn 'e keuken hienen wy it der oer. Miskien dan dochs mar efkes temperatuere om it wisse foar it ûnwisse te nimmen.

Ik soe dy dei thús wurkje, dus ik makke alfêst it moarnsbrochje klear. Nei in koart medysk ûndersyk yn de badkeamer sieten wy efkes letter wer tegearre oan 'e keukentafel. Neat oan de hân, wie de diagnoaze. De termometer hie 37,2 graden oanjûn.

Nei't we beide it moarnsbrochje op hienen, soe ik myn tosken poetse yn de badkeamer. En dêr seach ik de termometer lizzen. Net sa'n hip 'fashionable' ding dy'tst yn it ear stekke moast, mar sa'n âlderwetske fariant dy't der fan achter ynstutsen wurde moat. Ik skrok der suver fan.

'Hasto dit ding brûkt?' rôp ik ferskrikt. Ut de keuken kaam in befêstigjend antwurd. 'Yn dyn kont?' frege ik foarsichtich. 'Nee, dy ha'k yn 'e mûle stutsen, no goed!' wie it antwurd. Okee.

Dus wy moatte dizze wike mar efkes nei de winkel om in nije termometer. Ientsje dy'tst yn it ear stekke kinst. En dy lizze we dan yn it kastje fan de baaikeamer sadat we 'm noait mear kwytreitsje kinne. Want ik krij no al in spontane temperatuerferheging as ik der allinnich mar oan tink dat ik dit ding brûke moat."

(advertinsje)
(advertinsje)