Jongereinwurkers Amaryllis de dyk wer op

30 mrt 2020 - 06:59

Amaryllis, de organisaasje foar maatskiplik wurk yn Ljouwert, stjoert dizze wike harren jongereinwurkers de strjitte wer op. Op fersyk fan de gemeente moatte dizze helpferlieners de oerlêst fan groepen jongerein oanpakke. De jongereinwurkers en oare meiwurkers fan Amaryllis wurken fanwege de coronakrisis út hûs wei. Mar troch it moaie waar en de tichte skoallen is der mear jeugd op strjitte en yn guon wenwiken is dêrtroch oerlêst ûntstien.

Foto: ANP Foto

Bestjoerder Sjoerd Tolsma fan Amaryllis: "Wy ha ek it beslút naam om wer ôfspraken yn te plannen mei statushâlders. Troch harren taalefterstân en soargen oer de situaasje yn it thúslân, ha dizze minsken ekstra begelieding nedich. Yn ditsoarte gefallen is persoanlik kontakt hiel wichtich."

De ôfspraken binne op lokaasjes fan Amaryllis en alle regels, lykas de ôfstân fan 1,5meter, wurde yn acht naam. "Ek mei kwetsbere Ljouwerters dy't ekstra omtinken nedich ha, wurde ôfspraken makke", seit Tolsma. "It giet allinnich om ôfspraken, de festigingen fan Amaryllis bliuwe ticht."

Sjoerd Tolsma fan Amaryllis

(advertinsje)
(advertinsje)