Liveblog | 30 maart 2020

Coronanijs moandei 30 maart: 31 pasjinten op Fryske intensive cares

Folgje it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân fan dizze moandei.
Lêst bywurke: 31 maart 2020, 14:45
moandei 30 maart 2020
22:51

Ein fan dizze liveblog

Oant safier dit liveblog fan moandei 30 maart oer de coronakrisis. Wy sette nochris in pear wichtige punten út dit liveblog op in rychje:
22:49

Epke Zonderland set útein mei in vlog oer fitaal bliuwe

22:07

De fiskerij stiet stil

Lytse ûndernimmers hawwe in soad te krijen mei de coronakrisis. Ek yn sektoaren dêr't je it net fuortendaalks ferwachtsje, lykas de ielfiskerij. In kiloke iel kin noch wol op bestelling, mar om't alle restaurants ticht binne hoege de measte lytse fiskbedriuwkes it wetter net mear op. Yn Fryslân binne der offisjeel noch sa'n tolve ielfiskers, faaks ienmanssaken. Dy binne foar in grut part ôfhinklik fan de hoareka. Supermerken en fiskwinkels krije harren iel faak fan gruttere produsinten.
Lês hjir it persoanlike ferhaal fan ielfisker Ale de Jager fan Reduzum
Ielfisker Ale de Jager fan Reduzum © Omrop Fryslân, Willem de Vries
22:05

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wie moandei op besite by de meldkeamer

20:22

Boargemaster Sybrand Buma hat in boadskip foar Ljouwert:

19:47

Militêre dokters en ferpleechkundigen nei sikehuzen

De ryksoerheid lit witte dat sa'n 90 militêr ferpleechkundigen en 20 militêre dokters oan it wurk sille yn sikehuzen en soarchynstellingen yn it lân. Sy stypje it soarchpersoniel fanwege it coronafirus en wurde yn Ede ynwurke. It is noch net bekend oft der ek minsken fan definsje yn Fryslân oan it wurk sille.