Coronanijs moandei 30 maart: 31 pasjinten op Fryske intensive cares

30 mrt 2020 - 17:23

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne yn ús provinsje oant no ta 122 minsken posityf test op it firus, twa minsken binne stoarn;
  • De maatregels tsjin de fersprieding fan it firus wurkje, mar minder goed as dat it RIVM hope hie;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch hjir op de oersjochkaart nei it totaal oantal positive tests yn Fryslân (boarne: RIVM/GGD).

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:51
Ein fan dizze liveblog

Oant safier dit liveblog fan moandei 30 maart oer de coronakrisis. Wy sette nochris in pear wichtige punten út dit liveblog op in rychje:

  • Neffens it Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland lizze der yn Fryslân op dit stuit 31 minsken op de intensive care en nochris 73 minsken yn sikehuzen (bûten de IC).
  • Nei alle gedachten sil it kabinet tiisdei om 19.00 oere hinne wer in parsekonferinsje hâlde oer it wol of net ferlingjen fan de coronamaatregels.
  • Yn Drachten en Beetstersweach wurde woansdei corona-lokaasjes fan Talant iepene foar minsken mei in ferstanlike beheining. Yn totaal kinne der 33 minsken terjochte.
  • Der sille ek militêr ferpleechkundigen en militêre dokters oan it wurk yn sikehuzen om soarchpersoniel te stypjen.
22:07
De fiskerij stiet stil

Lytse ûndernimmers hawwe in soad te krijen mei de coronakrisis. Ek yn sektoaren dêr't je it net fuortendaalks ferwachtsje, lykas de ielfiskerij. In kiloke iel kin noch wol op bestelling, mar om't alle restaurants ticht binne hoege de measte lytse fiskbedriuwkes it wetter net mear op. Yn Fryslân binne der offisjeel noch sa'n tolve ielfiskers, faaks ienmanssaken. Dy binne foar in grut part ôfhinklik fan de hoareka. Supermerken en fiskwinkels krije harren iel faak fan gruttere produsinten.

Lês hjir it persoanlike ferhaal fan ielfisker Ale de Jager fan Reduzum

Ielfisker Ale de Jager fan Reduzum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
19:47
Militêre dokters en ferpleechkundigen nei sikehuzen

De ryksoerheid lit witte dat sa'n 90 militêr ferpleechkundigen en 20 militêre dokters oan it wurk sille yn sikehuzen en soarchynstellingen yn it lân. Sy stypje it soarchpersoniel fanwege it coronafirus en wurde yn Ede ynwurke. It is noch net bekend oft der ek minsken fan definsje yn Fryslân oan it wurk sille.

19:44
Nije datum Olympyske Spelen bekend

Der is in nije datum keazen foar de Olympyske Spelen fan Tokio: 23 july oant en mei 8 augustus 2021. Dat is hast in jier letter as de oarspronklike planning. Dit jier kin it fanwegen it coronafirus net trochgean. Sporters en coaches kinne no dwaande mei it plannen fan harren tariedingen foar de nije Spelen.

Besjoch hjir in fideo mei de reaksjes fan de Fryske topsporters oer it útstellen fan de Olympyske Spelen.

19:26
Drachten en Beetstersweach krije corona-lokaasjes foar minsken mei in ferstanlike beheining

Talant (ûnderdiel fan Zorggroep Aliade) iepenet dizze wike yn Beetstersweach en Drachten twa corona-ôfdielingen foar minsken mei in ferstanlike beheining. Op dizze 'COVID-huzen' binne fan april ôf kliïnten wolkom by wa it firus fêststeld is. It inisjatyf is nommen troch Aliade yn oerienstimming mei gemeenten. De ôfdielingen binne sletten foar oare ôfdielings. Yn Drachten is der romte foar 24 minsken oan de Talant-lokaasje oan it Akkerland en Grasland. Yn Beetstersweach is der romte foar 9 minsken op it terrein fan lokaasje De Wissel oan De Freulesingel.

"Het is niet zeker of het aantal zorgbedden dat nu beschikbaar is binnen de provincie voldoende zal zijn. Om die reden treffen Friese zorgorganisaties alvast voorbereidingen om meer patiënten te kunnen plaatsen," skriuwt Talant.

Talant-lokaasje De Wissel oan De Freulesingel - Foto: Google Street View
19:04
Help! Wat moat ik mei myn hier? Fjouwer tips fan de thúskapster:

Wat moatst wol en net dwaan mei dyn hier no't net ien nei de kapper mei? Thúskapster Annie Veenema fan Stiens besiket kreative oplossingen te betinken. Sy jout in pear tips:

  1. Knip of fervje dyn hier net sels, want je kinne in soad fergrieme. Foarkom sa skea op lange termyn en halsbrekkende toeren om it wer moai te krijen.
  2. Besteegje genôch oandacht oan it fersoargjen fan dyn hier: brûk goeie shampoo en conditioner.
  3. As it dan wol echt nedich is om te knippen, besykje dan bygelyks allinne dyn nekke út te skearen en net it hiele kapsel.
  4. En as it no écht net mear giet: dan kinst altyd noch in pet op sette.

Harkje hjir nei it folsleine petear mei thúskapster Annie Veenema fan Stiens

Thúskapster Annie - Foto: Thúskapster Annie
18:59
Finzenen oant 6 april gjin besite

Minister Sander Dekker fan Rjochtsbeskerming lit witte dat detinearden en tbs'ers noch wat langer gjin besite krije meie fanwege it coronafirus. Finzenen dy't klachten hawwe dy't op it firus wize kinne, krije in sel foar harren allinnich. Sa wurdt de kâns op besmetting sa lyts as mooglik makke.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)