Skûtsjesilers digitaal it wetter op mei firtuele regatta

29 mrt 2020 - 19:59

De skûtsjeskippers en bemanningsleden fan de SKS kinne troch it coronafirus op it stuit net sile. Dochs geane se it wetter op, mar dan digitaal: oare wike stride se yn in firtuele regatta. Dat dogge se mei in fergees sylspultsje. De wedstriden wurde live útstjoerd op Facebook, fertelt oanjager Harm Bakker.

In test fan de silers by Virtual Regatta - Foto: Virtual Regatta

"Ik ben al sinds de Volvo Ocean Race bezig met het virtuele spelletje", fertelt Bakker. "Ik ben ook nogal een fanatieke watersporter. Je hebt dus ook het e-zeilen. Dat zijn gewoon echt korte wedstrijdjes: sprintwedstrijden, olympische baan, je kunt van alles doen."

It begûn mei in berjochtsje fan Johannes Meeter, skipper fan It Doarp Huizum. "Ze hebben nu niets te doen", seit Bakker. "Ze zijn alleen maar de skûtsjes aan het lakken, want trainen kan niet. Dus ik zei: ga gewoon virtueel regatta spelen. Dan kun je toch een beetje oefenen, alle regels zijn toch een beetje hetzelfde."

Tweintich dielnimmers

Dêrnei streamden de oanmeldingen út de skûtsjewrâld binnen. "We hebben een complete community inmiddels. Willem Zwaga zit mee te doen vanuit Frankfurt. We kunnen bijna met twintig man zeilen."

De earste firtuele wedstriid is op 6 april. Dat wurdt live útstjoerd en de inisjatyfnimmers ha Gjalt de Jong al frege om it kommentaar te leverjen by de wedstriid.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)