Alle dagen te kuierjen yn Drachten mei Henk de Jong

29 mrt 2020 - 19:13

Hoe krije we minsken yn beweging dy't no alle dagen thús sitte? Yn Drachten ha se dêr wat op fûn: se sette Cambuurtrainer Henk de Jong yn.

René de Jong is sportskoaleigener én de broer fan Henk de Jong. Troch it coronafirus moast René de doarren fan de sportskoalle slute. En lykas syn broer Henk kin René net stilsitte. Dus betocht er wat om minsken yn Drachten dochs oan it bewegen te krijen: de app 'Kilometers meitsje mei Cambuurtrainer Henk de Jong'.

René de Jong - Foto: Omrop Fryslân

100 kilometer bewege

Yn de app fan de sportskoalle stiet in 'challenge'. Doel: 100 kilometer bewege. Dat mei kuierjend, dravend of fytsend. Ast yn de rit de app oansetst, hâldt de app foar dy by hoefolle kilometer oftst hân hast. Yn de app sit ek in klassemint, sadat alle dielnimmers sjen kinne hoefolle kilometers de oaren makke hawwe.

En om de trije dagen krije alle minsken dy't kilometers makke ha in filmke fan Henk de Jong, dy't eltsenien oanmoediget.

De challenge is twa dagen lyn yntrodusearre. Dielnimmer fan it earste oere is Daniëlle Dantuma. Se is krekt mem wurden en besiket no alle dagen mei de bernewein te kuierjen om de 100 kilometer te heljen. "Yn de sportskoalle is it altyd drok, no net. En je kinne fansels prima thús fitnesstrainingen dwaan. Mar troch dizze challenge ha ik dochs it gefoel dat we it mei-inoar dogge, wylst je allinne oan it kuierjen binne."

Dat der om de trije dagen in filmke fan Henk de Jong by sit is foar Dantuma in boanus. "Myn mem is de grutste Henk de Jong-fan. En ik stikem ek wol hear."

Henk de Jong mei it hûntsje - Foto: Omrop Fryslân

No bin ik net besmet mei corona, mar mei it kuierfirus.

Rydynstrukteur Klaas Kloosterman

Rydynstrukteur Klaas Kloosterman mei gjin autorydlessen mear jaan troch it coronafirus. Gewoanwei kaam Kloosterman alle sneinen yn de sportskoalle by René. Beide falle no fuort. Ek hy is tige wiis mei de app. "Ik seach de oprop fan Henk de Jong foarby kommen op de app, en ik tocht fuort: Dit moat 'm wêze! En no bin ik net besmet mei corona, mar mei it kuierfirus."

Op it stuit is de challenge allinnich beskikber foar minsken dy't in abonnemint ha by de sportskoalle fan René de Jong. Hy is noch dwaande om te sjen oft er it ek foar oaren oanbiede kin. Yn de tuskentiid riedt er oare sportklups oan om deselde challenge te dwaan. "Wat wy dogge mei Henk, kin SC Hearrenfean prima ek dwaan mei Johnny Jansen."

(advertinsje)
(advertinsje)