Eurohotel bout hotelkeamers om ta minyrestaurant

29 mrt 2020 - 17:46

Hoarekagelegenheden meie yn dizze tiid net iepen, mar yn it Ljouwerter Eurohotel steane dochs in pear restauranttaffeltsjes. Se ha in pear hotelkeamers omboud: "Het bed eruit en een opgedekt tafeltje erin." Dêrnjonken noch in telefoan, wêrmei't de gasten de bestelling trochjaan kinne.

Foto: Eurohotel Leeuwarden

It wie in kompanjon fan eigener Jochem van der Schoot dy't mei it idee kaam. "Het hotel mag open blijven en met roomservice mogen we de gasten nog bedienen. Dus als we een kamer een avond gebruiken als restaurant en daarna alles opruimen, dan voldoen we aan de eisen. Zaterdagavond hebben we het gelanceerd en de komende weken zitten de kamers al vol."

Van der Schoot fernimt dat der ferlet is fan it idee. "Mensen zijn het thuis zitten wel een beetje zat." Wa't in taffeltsje boekt, komt op de heechste etaazje te sitten. "Daar is het uitzicht het mooist. En je moet toch bezig blijven om je broek op te kunnen houden. Dit was een van de ideeën." Gasten jouwe in bestelling troch oer de telefoan, de minsken fan it hotel sette it iten foar de doar en de gasten helje it nei binnen.

Foto: Eurohotel Leeuwarden

Yn totaal giet it om fiif keamers dy't omboud binne ta miny-restaurant. "De andere kamers zijn nog regulier, maar daar wordt niet veel gebruik meer van gemaakt", seit Van der Schoot.

Jochem van der Schoot

(advertinsje)
(advertinsje)