Campings troffen troch nije maatregels

29 mrt 2020 - 17:38

De trije noardlike Veiligheidsregio's hawwe ôfrûne freed besletten dat alle toilet-, wask- en dûsfoarsjennings op campings sletten wurde moatte. Sy binne benaud dat it op dy plakken net slagje sil om oardel meter ôfstân te hâlden. De maatregel hat grutte gefolgen foar campings yn Fryslân. Op It Wiid yn Earnewâld bygelyks, is it rêstiger as oars.

Eigener Annelie Bleckman baalt dan ek fan de maatregel: "Ja, dat is wel balen. We hadden juist allemaal voorzorgsmaatregelen getroffen: extra alcohol, vaker schoonmaken, meer zeep, dat soort dingen. Maar het is dus niet genoeg."

De dûsen en húskes yn it toiletgebou op de camping lizze in eintsje útinoar. "We hebben een ruim toiletgebouw, het is dus goed mogelijk om 1,5 meter afstand te houden."

Oare regels yn Fryslân as yn Brabân

De maatregel docht ekstra sear omdat dy net oeral yn Nederlân jildt. Yn Brabân bygelyks, meie de toiletgebouwen noch gewoan iepen bliuwe. Bleckman wol dat dat lyk lutsen wurdt. "Ik vind dat in heel Nederland dezelfde regels moeten gelden. En dat op plekken waar genoeg voorzorgsmaatregelen zijn genomen, deze regel niet nodig is." Wat de skea is, kin Bleckman noch net sizze, dat hinget gear mei hoelang't de maatregel duorje sil. Dat sil foarearst oant 6 april wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)