Fryske filmers lizze tiid fan ‘lockdown’ fêst

It Fryske filmplatfoarm New Noardic Wave ropt Fryske filmers op om harren libben yn dizze tiden fan it coronafirus fêst te lizzen. Yn filmkes fan maksimaal ien minút moatte de filmmakkers sjen litte hoe't se de karantêne trochkomme. Al dy filmkes wurde sammele op in webside en moatte sa úteinlik in byld jaan fan dizze histoaryske perioade.
Fryske Filmers lizze ‘lockdown’ fêst
"Als filmmaker, journalist of fotograaf kijk je om je heen en wil je vertellen wat je ziet. Maar dat is een stuk moeilijker als je zoveel mogelijk thuis moet blijven", fertelt Joris Hoebe fan New Noardic Wave.
It projekt, dat de namme LockdownStories krigen hat, moat de minsken in platfoarm jaan om ek thús kreatyf te bliuwen en tagelyk sjen te litten hoe't harren libben der no útsjocht.
Joris Hoebe filmet út syn hûs wei © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Neffens Hoebe wurde ek filmmakkers hurd rekke troch it coronafirus. "Alle projecten zijn nu eigenlijk stil komen te liggen. En het is maar de vraag wanneer en of het weer wordt opgestart."
Thús wurkje is foar filmmakkers lestich, sa seit Hoebe. Foar it filmjen sels moatte je op lokaasje wêze en hawwe je meardere minsken nedich. It iennige dat no dus barre kin, is bygelyks it editen fan films of it skriuwen fan skripts.
"Als je ziet wat er nu wordt gezegd over de komende recessie, dan krijgen we zo meteen weer hele zware klappen te verduren als creatieve en culturele sector. En dus moeten we onszelf op dit moment nog meer laten zien."
Still út de film A Walk Down Memory Lane fan Lotte Middendorp © New Noardic Wave
Op dit momint binne der njoggen films opstjoerd foar it LockdownStories-projekt. De bedoeling is fansels dat dat noch folle mear wurde. Neffens Hoebe kin elkenien meidwaan. "Je hoeft niet beslist officieel filmmaker te zijn. Iedereen kan een filmpje uploaden om te laten zien hoe zijn quarantaine-leven eruitziet. Dat kan bijvoorbeeld gewoon gefilmd worden met je telefoon."
Mar der binne ek plannen om it projekt ynternasjonaal út te rôljen. New Noardic Wave is dêroer yn petear mei meardere bûtenlânske partners. Doel is om ek yn oare lannen en regio's ferlykbere projekten op te setten. "De droom is dat er vanuit de hele wereld films komen op dit Friese platform. Ik hoop dat er honderden films worden ingezonden en zo kunnen we voor de toekomst een beeld bewaren van hoe deze coronatijd beleefd is."