Rêstiger wykein yn de natuer en wa't der wol is, hâldt him oan de rjochtlinen

29 mrt 2020 - 21:15

It is frij rêstich yn de bosken fan Gaasterlân, seit boskwachter Henk-Jan van der Veen fan Staatsbosbeheer. Hy hat sawol sneon as snein aktyf west. In wike lyn wie it op guon plakken sa drok dat der problemen ûntstienen mei it goed ôfstân hâlden en de regels dy't jilde yn natuergebieten.

Net al te drok yn Gaasterlân - Foto: Henk-Jan van der Veen, Staatsbosbeheer

"Het is koud en dat zie je ook aan het gedrag van de mensen", seit Van der Veen. "Ze zoeken vooral het bos op en wat minder de open terreinen." Fierder falt op dat minsken harren goed oan de rjochtlinen hâlde fan it RIVM: "Ze houden keurig afstand. Ook naar mij als er een gesprek ontstaat. Je kunt mooi zien wie bij elkaar horen en wie individueel op pad gaat."

Lanlik wurdt ek sein dat it minder drok is yn de natuer.

Van der Veen hat wol in tal minsken oansprutsen op losrinnende hûnen en ien dy't de auto ferkeard parkearre. Al mei al is de ôfnommen druk fan rekreëarjende minsken goed foar de natuer; it is maitiid en briedtiid en dan hat it wyld de enerzjy dêr hurd foar nedich.

(advertinsje)
(advertinsje)