Winkels yn non-foodsektor krije ek oerheidsstipe

It kabinet wreidet de helpmaatregelen foar ûndernimmers út. Winkels yn de non-foodsektor, dy't noch wol iepen binne, lykas kleanwinkels, kinne ek gebrûk meitsje fan de regeling. Dat wie earder noch net sa. Doe kamen allinnich bedriuwen dy't ticht moatte fanwegen de coronakrisis foar stipe yn de beneaming.
Non food winkels
De ûnderfining fan ûndernimmer Corinne Hoek fan Harns is dat minsken gjin nocht hawwe om klean te keapjen. Der binnen op dagen mar inkelden dy't efkes der ynkomme en dan benammen om de ûndernimmer sterkte te winskjen. De holle stiet net nei klean, fertelle se har. Dat begrypt se. Mar ynkomsten binne der dêrtroch net. Dochs lit se de winkel iepen. Foar har eigen ôflieding, mar ek omdat de leveransiers wol komme. Boppedat besiket se no fia sosjale mediakanalen Instagram en Facebook noch wol te ferkeapjen.
De eigener fan 't Winkeltje, dy't benammen frouljusklean ferkeapet, kin it noch wol efkes folhâlde mar fansels hopet se dat dit net al te lang duorret.
Oant de simmer sjongt se it noch wol út, mar as it langer duorret dan wit se net oft se it noch wol folhâldt en nocht hat om fierder te gean. "Of ik het dan voor mezelf nog wil en kan volhouden, dat weet ik niet."
© Omrop Fryslân
It needloket foar ûndernimmers en zzp'ers dy't finansjele stipe oanfreegje wolle, wie dit wykein net berikber fanwegen in steuring. Dy is no oplost, mar steatssekretaris Mona Keijzer ropt op om op dit stuit allinnich mar in oanfraach te dwaan foar oerheidsstipe as je de help akút nedich hawwe.
Dupearre ûndernimmers kinne ûnder oaren oanspraak meitsje op in ienmalige temjittekomming fan 4.000 euro. Moandei wurdt de list mei nije brânsjes bekendmakke.
© Omrop Fryslân