Toerismeburo: "Miskien noch in 'boost' yn septimber"

29 mrt 2020 - 15:11

Albert Hendriks, direkteur fan it toerismeburo Friesland-Holland, is in optimist. "It is no beroerd, mar miskien krije we noch in toerisme-boost yn septimber. Fryslân moat it net ha fan it massatoerisme, we binne hjir gjin Giethoorn of Volendam. En krekt dat kin ús sterke punt wêze."

De fontein yn Sleat - Foto: Omrop Fryslân

"Want boatsjefarre of fytse by de '11fountains' del, of yn ús natoer, kin folle earder as yn folle fleantugen reizgje nei fakânsjebestimmings", neffens Hendriks. "Foar dy 'post-coronatiid' moatte we ús no wol klearmeitsje. Yn de hjerst soe eins noch wat organisearre wurde moatte dêr't minsken foar komme wolle."

Op it stuit striemin

"Mar op it stuit giet it striemin", jout Hendriks ta: "We ha fan 1 maart ôf alhiel gjin boekings mear krigen. Wylst it dêrfoar krekt fantastysk gie mei it 'vroegboeken'. Om't we by de SGR (Stichting Garantiefonds Reizen) sitte, binne de minsken nea harren jild kwyt. Ek net as wy op 'e flesse gean soene. Alle boekers ha foar harren oanbetelling in 'voucher' krigen, in soarte 'tegoedbon' dy't letter fersulvere wurde kin. Se binne dêr wiis mei en snappe it. Gjinien hat oant no ta syn jild werom frege."

Albert Hendriks fan toerismeburo Friesland Holland - Foto: Omrop Fryslân

Hoe lang oft de rekreaasje-ûndernimmers it noch útsjonge kinne, hinget mei ôf fan de regelingen fan de oerheid. "Mar as we op 1 juny net foarsichtich wer begjinne kinne, falle der bedriuwen om. Dat kin net oars."

Syn eigen ûndernimming is lytsskalich, mar hy sil maatregels nimme moatte. "It sil by ús dalik ek wol twa arbeidsplakken kostje. Gean der mar fan út dat troch dizze krisis by reisorganisaasjes rûchwei de helte fan de minsken harren baan kwytrekket."

Albert Hendriks fan toerismeburo Friesland-Holland

(advertinsje)
(advertinsje)