Organisaasje Visserijdagen: "It is no net ferantwurde om it trochgean te litten"

It beslút om de Visserijdagen net trochgean te litten fernuveret hiel Harns. De Harnzer hoareka tinkt dat de Visserijdagen en de byhearrende feesten hurd nedich binne om noch wat fan it toeristeseizoen te meitsjen. En boargemaster Roel Sluiter hopet dat der wat oars organisearre wurdt. De Visserijdagen binne ein augustus.
Organisaasje Visserijdagen: "It is no net ferantwurde om it trochgean te litten"
"Onze Visserijdagen worden mogelijk gemaakt door vele sponsors. Veel van deze bedrijven, waarmee we een langdurige relatie hebben opgebouwd, maken door het corona-virus moeilijke tijden door. Met alle onvoorspelbare gevolgen van dien. Wij vinden het ongepast om juist nu deze ondernemers te benaderen voor een financiële bijdrage", seit foarsitter Jules Dutrieux.
Neffens Dutrieux fine de sponsoaren en belutsen partijen it sels ek tige spitich dat it net trochgiet, mar begripe it beslút fan de organisaasje.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Gewoanwei binne maart, april en maaie de moannen dat alle ôfspraken mei artysten, leveransiers en fiskers makke wurde. Mar by in protte fan dizze partijen leit no it wurk stil. Dat minsken fernuvere binne oer dat it feest fan fjouwer dagen no al ôfsein wurdt, wylst it pas ein augustus plakfine sil, begrypt Dutrieux wol. "Maar de Visserijdagen is niet een feest dat je twee weken van te voren organiseert. De organisatie begint in oktober al. Maar nu ligt alles stil. Wij als organisatie kunnen niet vergaderen en bovenal vinden we het niet verantwoord nu geld te vragen aan de mensen."
Yn lytsere foarm dan? Nee, seit Dutrieux. "De Visserijdagen zijn de Visserijdagen. Een vierdaags feest dat uitermate goed tot zijn recht komt in vier dagen. Daar gaan we niet een kleinere versie van organiseren."
De gemeente Harns leit him net del by it beslút fan Stichting Visserijdagen Harlingen om de fiskerijdagen net trochgean te litten. De boargemaster giet derfan út dat de Visserijdagen net yn syn gewoane foarm plakfine sille, mar wol wol sjen oft der in alternatyf fûn wurde kin. De organisaasje fan de Visserijdagen wol dêr wis oan meiwurkje.