John Jorritsma oer coronakrisis yn Brabân: "It is in konstant sykjen nei balâns"

29 mrt 2020 - 12:12

John Jorritsma wie acht jier kommissaris fan de Kening(inne) yn Fryslân, doe't hy yn 2016 nei Eindhoven ferhuze om dêr boargemaster te wurden. Fanwege dy funksje is Jorritsma ek foarsitter fan de Veiligheidsregio dêr. Brabân is op it stuit it episintrum fan de coronakrisis yn ús lân. Dat lûkt in swiere wiksel op Jorritsma en syn team. Radioprogramma Buro de Vries prate wiidweidich mei Jorritsma.

John Jorritsma - Foto: ANP

Om te begjinnen: hoe giet it mei jo?

"It binne drege tiden, foar ús allegear en dêr bin ik gjin útsûndering op. Foar Brabân yn it bysûnder binne it drege tiden. Der binne hjir al in soad minsken ferstoarn en de kapasiteit yn 'e sikehuzen is ûnderwerp fan gesprek. Wy moatte der mei ús allen folop mei oan 'e gong."

Hoe sjogge jo dagen derút?

"Sûnt in moanne bin ik 24/7 drok mei de corona. Alle dagen begjinne mei in regionaal beliedsoerlis mei ferskate ketenpartners, lykas de GGD, GOR, plysje, Iepenbier Ministearje en harren kommunikaasje-adviseurs. Dêrnei haw ik in feilichheidsoerlis fan in gebiet mei 21 gemeenten mei hast in miljoen ynwenners. Dan is dêrnei it oerlis fan it ynterregionale beliedsteam. En fansels moat ik dêrneist ek noch in grutte stêd, Eindhoven, bestjoere. Wy binne de hiele moanne al dwaande mei rezjy te bouwen oangeande de oanpak fan corona. Yn Brabân wienen wy al in hiel ein, foar't it kabinet mei maatregels kaam. Dat freget no in hiel soad oerlis. Der binne yn Nederlân 25 foarsitters fan Veiligheidsregio's dy't oerlizze moatte om de goede maatregels te nimmen."

John Jorritsma (links) yn corona-oerlis - Foto: ANP

Wat is op dit momint de stân fan saken yn Brabân?

"Dat is in drege fraach. It binne 'dagkoersen'. Op dit stuit hawwe wy yn East-Brabân de twiveleftige eare dat hjir de measte minsken ferstjerre. Wy ferwachtsje dat de pyk yn de kommende wike oant tsien dagen wêze sil, dat it oantal besmettings oprinne sil en wy binne benaud dat wy net genôch plak hawwe. Mei it Regionaal Overleg Acute Zorgketen (ROAZ) is der oerlis om te besjen hoe't de kapasiteit derútsjocht."

Binne jo konneksjes mei Fryslân dêrby ek ynset mei Fryske sikehuzen?

"Ljouwerter boargemaster Sybrand Buma sjoch ik fansels by it feilichheidsoerlis, mar ik haw sels gjin rol spile yn dy gearwurking tusken de noardlike en súdlike sikehuzen. Dat dogge de minsken dy't dêr doel oer hawwe. Ik bin wol hiel tankber dat de noardlike ambulânsetsjinsten dit no oppakke. De ûnderlinge kontakten binne hiel goed."


Stean de noazen fan de Veiligheidsregio's deselde kant út?

"Ja, yn syn algemienheid wol. Veiligheidsregio's hawwe fansels ek elk harren eigen en ferskillende problemen. Yn Seelân bygelyks binne in soad Dútsers dy't dêr nei harren fakânsjehûs komme. Hjir yn Brabân hawwe wy ús soargen mei de grins mei België. Mar we binne ûnderwylst mei inoar oan it wurk, bygelyks mei it opstellen fan de needferoardering yn oerlis mei it regear."

It is in konstant sykjen nei balâns.

John Jorritsma, boargemaster Eindhoven

Binne jim yn Brabân ek stranger, om't jim it episintrum binne?

"Dat wit ik net. Wy hawwe bygelyks in hiele grutte merk yn Eindhoven. Dêr komme tûzenen en tûzenen minsken op ôf. Dy hawwe wy iepen holden om't dy in fitale rol spilet yn de itensynfrastruktuer. Oare plakken sizze: wy kinne dat net hanthavenje. By ús gie dat lykwols oergryslik goed. Boppedat hawwe wy bygelyks ek de campings iepenholden, om't by ús in protte arbeidsmigranten yn sokke wenten sitte. Mar ek minsken yn de medyske soarch oernachtsje op dy plakken en dêrom is it wichtich om dy iepen te hâlden foar minsken yn de krúsjale beroppen. It is in konstant sykjen nei balâns."

Binne jo as minsk benaud? Lizze jo der nachts wekker fan?

"Ja fansels, ek ik meitsje my grutte soargen oer de takomst. Ik tink dat wy dit firus wol op in sekere wize ôfslute kinne, mar de krisis fan 2012 (Europeeske steatsskuldekrisis, red.), dy ferblikt by dizze krisis. Der sille in protte bedriuwen yn grutte problemen komme. Jo moatte der bybliuwe, dêr bin ik foar: bybliuwe. Ik bin bliid dat ik der net allinnich foar stean. Ik bin it gesicht en de einferantwurdlike, mar ik bin oergryslik bliid mei de minsken dy't ik om my hinne haw. Moandei hawwe wy ek wer oerlis, mei it RIVM, de GGD, Definsje en de Veiligheidsregio's en dan nimme wy opnij besluten. Dat is ek dêr't it lân op dit stuit ferlet fan hat: minsken dy't knopen trochhakke."

(advertinsje)
(advertinsje)