GGD stelt 22 nije besmettingen fêst yn Fryslân

29 mrt 2020 - 12:04

Yn Fryslân binne 22 nije besmettingen mei it coronafirus fêststeld, meldt de GGD. Dat is it heechste oantal oant no ta yn ien dei. Yn ús provinsje binne no mei elkoar 115 minsken posityf test op it firus.

Boppesteande kaart is sneintemiddei bywurke. De GGD makket net mear bekend yn watfoar gemeenten de besmettingen metten binne, it RIVM docht dat wol. Dy komme alle dagen om 14.00 oere hinne mei in update.

Trefwurden: 
GGD coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)