Veiligheidsregio set bekende Friezen yn om boadskip RIVM oer te bringen

'Allinne mei elkoar krije we it coronafirus ûnder kontrôle': dat boadskip is belangryk yn dizze tiid fan coronakrisis. De Veiligheidsregio kin alle help brûke om dat boadskip oer te bringen dat we ôfstân hâlde moatte. Dêrby wurde ek bekende Friezen ynset. Sjonger Raynaud Ritsma en Omrop-presintator is de earste.
Yn in fideoboadskip seit er dat der noch altyd minsken binne dy't dat advys net neilibje. It advys is: bliuw thús en gean der allinne op út as it echt moat en hâld dêrby ôfstân.
"Sykje elkoar net op. Miskien bist drager en witst net dat it oerbringst op oaren. Minsken kinne siik wurde en minsken geane sels dea. Dus brûk dyn ferstân", seit Ritsma.
Raynaud Ritsma