De oarloch yn Fryske foto's: "Fan sabotaazje nei represaille"

Fryslân lit de besetting net samar oer him hinne komme. As in soad minsken yn 1943 ferplichte yn Dútslân wurkje moatte, brekt in wurkstaking út. In kearpunt, want it makket dat it ferset him mear organisearret. Guon minsken dûke ûnder, sabotearje en dogge alles om tsjinstân te bieden. Alle sneonen en sneinen tusken 7 maart en 5 april binne der by Omrop Fryslân byldferhalen te lêzen oer de Twadde Wrâldoarloch, yn it ramt fan it projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's.
De stoflike omskotten fan eksekutearre fersetsstriders wurde fuortbrocht © Fries Verzetsmuseum
As represaille foar sabotaazje oan it spoar wurdt in groep leden fan de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten fêstset yn it Burmaniahûs yn Ljouwert. Op befel fan de Sicherheitsdienst moatte de 12 fersetslju mei noch twa oaren eksekutearre wurde tusken Dronryp en Frjentsjer.

In hege priis foar frijheid

By Dronryp is de brêge ophelle en om't der Ingelske fleantugen omsweve, beslute de Dútsers de eksekúsje fuortendaalks te dwaan. Yn groepkes fan fjouwer wurde de finzenen by de brêge nei ûnderen begelaat. Dêr wurde 13 man fermoarde. De 14e man is Gerard de Jong. Hy rekket ferwûne, mar hâldt him dea en kin dêrnei útnaaie.
De stoflike omskotten bliuwe in dei tsjin de wâlkant lizzen. Dêrnei wurde sy yn in massagrêf lein. Dêr is gjin publyk by, om't net ien fierder wit dat der noch in 14e man is dy't it oerlibbe hat. In wike letter komt de befrijing. De slachtoffers wurde dêrnei opnij begroeven, mei grutte belangstelling. Mei de jonge libbens is, flak foar de befrijing in hege priis betelle foar de frijheid.
De ôffierploech fan de bekende fersetsdied 'De Oerfal' © Tresoar (Fries Fotoarchief)
In foto dy't heart by ien fan de meast bekende Fryske fersetsdieden yn de oarloch, dêr't al in soad oer skreaun is. Op 8 desimber 1944 kinne 51 minsken fan it ferset befrijd wurde út de finzenis yn Ljouwert, de Blokhúspoarte. De ôffierploech op de foto soarget derfoar dat alle minsken in feilich ûnderdak krije. It is in spektakulêre ûntsnapping, sûnder dat der ek mar ien skot lost wurdt.
Sirkus Giezen op it Ljouwerter Saailân yn 1943 © W. ten Have (Historisch Centrum Leeuwarden)
Op dizze foto stiet sirkus Giezen op It Saailân, dat ûnbedoeld meiholpen hat oan in fersetsaksje. Yn 1943 moatte boargemasters nammelisten opstelle fan manlju dy't yn Dútslân wurkje moatte. Dy listen lizze by de arbeidsburo's en yn Ljouwert wurde se eltse jûn opburgen by it Sicherheitsdienst-haadkertier yn it Old Burger Weeshûs oan It Saailân. Fan it it helpkantoar fan it gewestlik arbeidsburo (rjochts op de foto) moatte de kaartebakken hieltyd wer nei it SD-haadkertier.
De sirkustinte is in kâns. De 20-jierrige Gaele Postma wurket op it arbeidsburo, it ferset freget him te helpen. Postma fertelt de aginten by it buro dat hy in telefoantsje krigen hat: de SD easket alle nammelisten op. Dy wurde yn in auto ynladen dêr't twa mannen fan de maresjesee yn sitte. Wat de aginten net witte is dat dit twa fersetsmanlju yn unifoarm binne en dat de kaartebakken ferdwine. De jonge Gaele dûkt ûnder en oerlibbet de oarloch. De SD hat neat yn de gaten, om't it sirkus it sicht ûntnimt.
Underdûkers yn in hut yn De Mieden oan it Berltsumer Wiid by Rie © J. van Kampen (Tresoar, Fries Fotoarchief)
Underdûkers by in hut yn De Mieden oan it Berltsumer Wiid, noardlik fan Rie. Berend Stelpstra fan Tsjummearum, Sjouke van Dijk uit Froubuorren, Roel Dijkstra en (Harm?) van Steinvoorn fan Tsjummearum, Piet van der Laan fan Ljouwert en in ûnbekende. De manlju fielden hat skynber feilich, fier fan de bewenne wrâld. 'Leve de vrijheid,' stiet op it hok.
De ôflústermanlju: Lo van der Werf, Lykle van Dijk, Eeuwke Koopmans, Fokke Sierksma en Teake Kuipers © Historisch Centrum Leeuwarden

De Harkpost

Oan de ein fan de oarloch ferhûzet de Sicherheitsdienst yn Ljouwert nei it Burmaniahûs oan de Nijstêd. Dêr moatte nije telefoanferbiningen oanlein wurde. Technisy fan de PTT slagget it om ôflústermikrofoantsjes oan te bringen yn de telefoantastellen. Dy linen wurde ôftape en nei in harkpost trochlaat efter in boekhannel oan de Nieuwe Oosterstraat.
Yn ploegen harket in groep mei nei wat der bart. Fan ein febrewaris ôf oant in wike foar de befrijing kin it ferset de ferhoaren fan de SD ôflústerje. Sy foarkomme dêrmei nije arrestaasjes. As de SD'ers in ûnderdûkadres loskrije, dan wurdt dat gau trochjûn oan in koerierster dy't op 'e fyts nei it adres giet om de minsken (faak noch krekt op tiid) te warskôgjen. Troch it wurk fan de harkpost binne der tal fan libbens sparre.
In ferlechje fan in húsdokter yn Ljouwert © G.H. van Kampen (Historisch Centrum Leeuwarden)
Yn de tiid fan de besetting wurde yn Nederlân nei Dútsk foarbyld 'keamers' ynrjochte, in soarte beropsfereningen. Yn 1942 moatte ek de medisy yn sa'n keamer, mar it grutste part fan de dokters hat dêr gjin nocht yn. Guon plakke it wurd 'arts' op harren nammebuordsjes ôf mei ferve of plakbân. Op dizze foto is it wat subtiler dien.
Om't Nederlân dit jier 75 jier befrijd is, hat it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies) in projekt opset: De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's. Dat wurdt dien yn opdracht fan Platform WO2 en is mei mooglik makke troch it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en it vfonds. Eltse provinsje hat oarlochsfoto's oanlevere dêr't eltsenien op stimme koe. Op 15 jannewaris binne de foto's út Fryslân presintearre, bylden dy't de oarloch sichtber en ynfielber meitsje. In boargerfoarum kiest úteinlik de 100 foto's dy't oerbliuwe foar in nasjonale tentoanstelling, dy wurde op 30 maart bekendmakke.
De seleksje Fryske oarlochsfoto's komt foarby yn dizze ferhalerige en is keazen troch Tresoar, Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Provinsje Fryslân, Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân. De Fryske foto's binne tusken 11 april en 16 septimber te sjen yn it Fries Verzetsmuseum yn de tentoanstelling Oog in oog met de oorlog.