FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

29 mrt 2020 - 09:31

Yn Fryslân ferfalle de kommende wiken hast alle tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert de Omrop alle sneinen live in tsjinst út. De tsjerketsjinst komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei en is hjirûnder werom te sjen. Foargonger is dizze kear dûmny Wim Beekman en Jochem Schuurman is de oargelist.

Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst. Nei ôfrin fan de tsjinst is de útstjoering werom te sjen fia Utstjoering Mist.

(advertinsje)
(advertinsje)