Liveblog | 29 maart 2020

Coronanijs snein 29 maart: RIVM somberder as in wike lyn

Folgje it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân fan dizze snein.
Lêst bywurke: 30 maart 2020, 08:53
snein 29 maart 2020
22:04

Oant safier

Oant safier dit liveblog fan snein 29 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:
21:50

RIVM somberder as earst

In wike lyn ferwachte it RIVM dat it effekt fan de maatregels tsjin de fersprieding fan it coronafirus no te sjen wêze soe. Dat is ek it gefal, mar minder as it RIVM ferwachte hie. Boppedat is it ynstitút in stik somberder oer it tal coronapasjinten dat op de intensive care telâne komt. "De meest positieve scenario's van vorige week komen niet uit", seit Jacco Wallinga fan it RIVM tsjin de NOS.
"In het meest waarschijnlijke scenario liggen er half april 2500 coronapatiënten op de intensive care." De hoop fan Wallinga wie dat der begjin april op syn meast 1000 plakken op de intensive care nedich wiene, mar safier binne we no al. Der binne sa'n 1.100 plakken beskikber.
Dat it tal pasjinten op de IC sa hurd omheech giet, komt ûnder oare trochdat minsken langer op de IC lizze: sa'n 23 dagen. Dêrtroch binne in soad plakken langer en tagelyk beset.
21:47

Gjin Ut Sneek

It kultureel festival fan Ut Sneek op 6 juny giet net troch. De maatregels fan it kabinet jilde oant 1 juny, mar alle muzikanten moatte foar dy tiid oefenje en dat kin no net. De organisaasje hopet letter yn it jier noch wol wat dwaan te kinnen, lykas in gearwurking mei it UIT Festival op 12 septimber.
21:19

Mear ymmuniteit?

Mooglik is in folle grutter part fan de Nederlanners besmet (of hat besmet west) mei it coronafirus as dat offisjeel bekend is. "Dat betekent dat de groepsimmuniteit waarschijnlijk al verder gevorderd is dan gedacht", seit arts-mikrobiolooch Jan Kluytmans yn deiblêd Trouw.
21:16

Fryslân Hjoed fan dizze snein

Mei omtinken foar ûnder oare:
20:50

Camping iepen, mar net nei it húske

Campings meie noch iepen bliuwe, mar de coronaregels skriuwe foar dat toiletgebouwen ticht moatte. Foar de eigener fan camping It Wiid yn Earnewâld hie dy regel net hoegd: "We hebben een ruim toiletgebouw, het is dus goed mogelijk om 1,5 meter afstand te houden."
Camping it Wiid iepen toiletgebou ticht