Plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan ynbraken

De plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan meardere ynbraken, dy't de ôfrûne dagen yn en om de stêd hinne plak hiene. Ut in hûs oan de Meidoornstrjitte waard bygelyks in telefoan stellen, nei't ynbrekkers de efterdoar iepenbrutsen.
© Plysje
Ek oan de Invasiestrjitte en de D'Hondecoeterstrjitte besochten dieven yn te brekken. Dat slagge dêr net, mar de foar- en efterdoarren rekken wol skansearre.

Boks keatsferiening iepenbrutsen

Yn Koarnjum waard freed ûntdutsen dat de boks fan de keatsferiening iepenbrutsen wie. Oft der ek guod meinommen is, is net dúdlik.
Minsken dy't mear witte oer de ynbraken of wat sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje.